De Feniks en de Toartel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Lebel: Weromsetting
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
'''''De Feniks en de Toartel''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''The Phoenix and the Turtle''''' (fan ''turtledove'', "toarteldo", net it [[reptyl]] de ''turtle'', "skylpodde"), is in [[allegory|allegoarysk]] [[gedicht]] oer de dea fan 'e ideälisearre leafde, fan 'e hân fan 'e wiidferneamde [[Ingelân|Ingelske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[William Shakespeare]]. It wurdt algemien beskôge as ien fan syn meast obskuere wurken en is op ferskillende manearen ynterpretearre. De titel is tradysjoneeltradisjoneel, mar net orizjineel: it gedicht waard publisearre sûnder titel. It waard foar it earst útjûn yn [[1601]], as in soarte fan epilooch ta it lange gedicht ''Love's Martyr'' ("Martelder fan 'e Leafde"), fan [[Robert Chester]]. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Douwe Kalma]] ferskynde yn [[1976]].
 
==Ynhâld en ynterpretaasje==
It gedicht beskriuwt de begraffenis dy't beävensearre wurdt foar de ferstoarne [[feniks]] en [[toartel]] (dy lêste fûgel is it tradysjoneletradisjonele symboal foar tawijde leafde). Guon [[fûgels]] wurde útnûge, mar oaren wurde bûtensletten. Neffens it gedicht skoep de leafde fan 'e beide stoarne fûgels in folsleine ienheid dy't alle logika en rede te boppe gie. It beslút mei in [[gebed]] foar de deade minners.
 
Dizze allegory op it perfekte houlik wurdt wol beskôge as in oade oan 'e [[Wales|Welske]] [[steatsman]] [[John Salusbury|sir John Salusbury]] en dy syn frou Ursula Stanley, mar inkeld om't Robert Chester syn ''Love's Martyr'' oan harren opdroech. Oare ynterpretaasjes wolle hawwe dat ''De Feniks en de Toartel'' oer keninginne [[Elizabeth I fan Ingelân|Elizabeth I]] giet, of oer har en har minner [[Robert Devereux, greve fan Esseks|Robert Devereux]], de greve fan [[Esseks (greefskip)|Esseks]], of oer har erfgenamt [[Jakobus VI fan Skotlân]] (de lettere [[Jakobus I fan Ingelân]]). Wer in oare útlis, dy't ferbân hâldt mei de bewearing dat Shakespeare sympatisearre mei de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]], is dat it eins in temûk lofliet op it (doedestiden yn Ingelân ferbeane) [[roomsk-katolisisme|roomske]] [[leauwe]] wie.