Salomon Levy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 5:
 
== Grinslân ==
Yn IJmetil hat er yn [[1787]] nei alle gedachten koart wenne by Izaäk Abrahams, dy't ek joadsk wie en him dêr festige hie. Yn de 18e iuw wiene der tal fan beheinings foar joaden. Se wiene net frij om har te fêstigjen en waarden mar yn in pear beroppen talitten. Slachter en keapman wiene yn Grinslân de iennige beroppen dy't oan [[joaden]] tastien wiene. Abrahams hat ek grif ien fan dy beroppen hân. Levy krige tastimming om him te fêstigjen yn [[Nijesyl]] by [[Gryptsjerk]]. Hy waard dêr yndie slachter en keapman, en hy huze dêr mei de net-joadske Fokje Theunis (1759, [[Boerum]]). Tegearre krigen se yn [[1788]] in soantsje, Theunis. Nei in jier of 3 as 4 ferfarreferfear it húshâlden nei de Westereen, nei sizzen fan Levy om't er tocht dat er dêr in better bestean as slachter en keapman hawwe soe.
 
== [[De Wâlden]] ==
Earne yn de earmoedige omkriten fan De Westereen en Kollumersweach moat er ek wenne hawwe mei de likernôch like âlde Fokje Theunes (Njonkennjonken Theunis krigen se noch twa famkes, Ytsje en Aaltsje.)
 
It wie yn de [[Fryske Wâlden|Wâlden]] eartiids gjin fetpot en Levy hie muoite om syn kostje by inoar te skarreljen. Hy soe foar lytse fergripen fjouwer kear foar it gerjocht ferskine. Mooglik spile lykwols ek syn joadsk komôf mei by de beskuldigings. Yn alle gefallen waard er mar ien kear feroardiele, ta in jier tichthûs foar it oanbieden fan stellen guod.