Radio Waddenzee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 2:
[[File:2011-06-02-RadioWaddenzee-115.jpg|thumb|225px|It stjoerskip fan Radio Waddenzee foar de kust ûnder Harns]]
== Skiednis ==
Radio Waddenzee waard oprjochte troch de eardere [[Radio Caroline]]-diskjockey [[Sietse Brouwer]]. It stasjon stjoerde sûnt 30 maart [[2007]] út oeoer in antennemêst yn [[Pitersbierrum]]. De programma's wiene yn it [[Nederlânsk]] en rjochte op de toeristen dy't it [[Waad]]gebiet besykje en joegen dêrom in protte toeristyske ynformaasje. It stasjon hie ek drive-in shows. Jûns en nachts waarden de middenweachútstjoerings oernaam troch [[Radio Seagull]].
 
It foarnimmen wie oarspronklik om fan de simmer fan 2007 ôf út te stjoeren fan in âld [[Ingelân|Ingelsk]] [[fjoerskip]] ôf, de ''Jenni Baynton'' of ''LV8''. Dêrmei soe Radio Waddenzee de earste offisjeel-erkende permaninte [[seestjoerder]] ea yn Nederlân wurde. Novimber 2007 waard de stjoerder op it skip twa kear in pear oeren testen. It die bliken dat de ûntfangst better wie as dy fan de stjoerder út Pitersbierrum. Begjin maaie 2008 hat Radio Waddenzee trije dagen útstjoerd fan de ''Jenni Baynton'' ôf, dy't doe yn de [[Waadsee]] lei. SûnttiidsSûnttiid leit it skip oan de Suderpier fan de Nije Willemshaven yn Harns.
 
Healwei maaie [[2009]] gie it skip yn Harns foar in ynspeksje en wat ferbouwings yn dok. Fan 22 maaie oant 5 juny lei it skip by [[It Gryn]] en waarden de útstjoerings fan Radio Waddenzee en Radio Seagull dêrwei fersoarge.
Rigel 10:
Ek yn 2010 en 2011 lei de "Jenni Baynton" yn maaie en/of juny bûtengat. Yn 2012 wie dat ein augustus; de útsjoerings waarden doe ôfbrutsen fanwege it oan de grûn rinnen fan it skip. <ref>Sjoch foto op [http://www.facebook.com/photo.php?fbid=356684124410486&set=pb.121958351216399.-2207520000.1350312610&type=1&theater]</ref>
 
Radio Seagull naam jûns en nachts (19.00-7.00) de middenweachútstjoerings op de 1602 kHz AM oer en stjoerde fan 11 oktober 2012 fan 23 oant 20 oere sels út op de 1395 kHz AM fanôffan de ''Jenni Baynton'' ôf en stjoert ek fan 1 april 2012 it hiele etmel út op de 6150 kHz yn de 49 meter bân koarte weach.
 
Radio Waddenzee stoppe 30 juny 2013 mei útstjoeren. Fan dy datum ôf stjoert [[Radio Seagull]] it hiele etmel út op 1602 kHz AM.
Fan 21 april 2014 ôf stjoert Radio Waddenzee lykwols fannijs út op 1602 kHz AM fan 7.00 oant 19.00 en kin Radio Seagull dêrom allinne wer jûns en nachts (19.00-7.00) op 1602 kHz útstjoere.
 
Fan 17 augustus [[2014]] ôf leit de "Jenni Baynton" wer fiif seemilen út de kust fan Harns en fan 20 augustus o/m 31 augustus 2014 stjoere Radio Waddenzee en ek Radio Seagull beide út fanôffan de Waadsee ôf út. Dat ta neitins oan it ferplicht stopjen fan de Nederlânske seestjoerders op [[31 augustus]] [[1974]].
 
== Keppelings om utens ==