Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Ljouwert: wurdsje fergetten
Daam (oerlis | bydragen)
Rigel 44:
It folk klofte gear op trije [[plein]]en: it [[Saailân]] (offisjeel it Wilhelminaplein), it [[Aldehoustertsjerkhôf]] en it [[Gûverneursplein]]. De iepening, [[regisseur|regissearre]] troch [[Tatiana Spratley]], bestie û.m. út in treflik koördinearre [[muzyk]]show fan [[Tryater]]liedster [[Ira Judkovskaja]] mei [[orkest]]en, [[muzykkorps]]en en [[koar (sang)|koarsang]], en [[sjongster]] [[Nynke Laverman]], dy't al sittend op 'e rêch fan in [[Frysk hynder]] it [[liet]] ''Seis Oere Thús'' song. Underwilens wiene der fideoprojeksjes op 'e tydlike [[toer (bouwurk)|tuorren]] ("[[Aldehou]]wen") dy't op 'e pleinen boud wiene, sadat op elts plein te folgjen wie wat der op 'e beide oare barde. Op it Aldehoustertsjerkhôf brûkten guon ûndernimmende taskôgers it nije museum [[Obe (museum)|Obe]] as [[tribune]], wylst op it Saailân troch de lju ôfkarrend sist waard fanwegen it grutte tal opstutsen [[paraplu|paraplu's]] yn it fak mei de pommeranten. Op it Gûverneursplein drige in roppende man op in [[balkon]] it programma te ûnderbrekken, mar krekt op dat stuit sette it [[Noard Nederlânsk Orkest]] dêr ''[[It Woanskip]]'' yn, dêr't er net boppe-út komme koe.<ref name="lc iepening"/>
 
NeitiidEarder op 'e jûn wie der foar de pommeranten in [[rinnend buffet]] yn [[De Harmony (Ljouwert)|De Harmony]], dêr't ek de kening en de keninginne delkamen. [[Jeropeeske Uny|EU]]-kommissaris [[Frans Timmermans]] rikte dêr de [[Melina Mercouri-priis]] (mei in wearde fan €1,5 miljoen) út oan [[boargemaster]] [[Ferd Crone]] en [[deputearre]] [[Sietske Poepjes]].<ref name="lc iepening"/> ([[Melina Mercouri]] wie de [[Grikelân|Grykske]] [[minister]] fan [[Kultuer]] dy't yn [[1985]] it foarstel die om elts jier in Kulturele Haadstêd fan Jeropa oan te wizen.)<ref name="schoorvoetend"/> De iepening fan it kulturele jier waard besletten mei [[kloklet]] yn 'e hiele provinsje.<ref name="lc iepening"/> Yn Ljouwert sels streamden de trije pleinen fanwegen it reinige waar al rillegau wer leech. Der wiene trije offisjele [[afterparty]]s, yn ''[[Neushoorn (Ljouwert)|Neushoorn]]'' (mei [[Arabieren|Arabyske]] [[muzyk]]), [[Sealen Skaaf]] (mei [[popmuzyk|popklassikers]]) en [[restaurant]] ''[[De Koperen Tún (Ljouwert)|De Koperen Tún]]'' (mei [[housemuzyk]]), dêr't men foar yn 'e rige stean moast. Ek yn 'gewoane' [[nachtklub]]s wie it drok.<ref>{{Aut|Leemhuis, Rob}}, ''Seis Oere Thús: Na de Opening is het Feesten'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 29 jannewaris 2018, s. 2</ref>
 
Hoewol't de iepening sels troch de measte oanwêzigen as tige slagge beskôge waard,<ref>——, ''"Dit is dan het mienskipsgevoel, geloof ik, echt een topsfeer"'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 29 jannewaris 2018, s. 3</ref> wiene de measte lju minder te sprekken oer de [[tillefyzje]]registraasje troch de [[AVROTROS]]. Yn it foarste plak bestiene der al yn 't foar twifels oer it tiidstip fan wat in ''live''-útstjoering hjitte moast, frij let op jûn (om healwei tsienen), nei ''Wie Is de Mol?'' De sjoggers krigen boppedat gjin echt ''live''-ferslach te sjen, mar flarden dêrfan, ûnderbrutsen troch [[kommentaar]], [[presintator]] [[Frits Sissing]] dy't [[Frysk]]e wurden ferhaspele en foarôf opnommen items oer ûnderwerpen lykas [[Mata Hari]] en de [[Alvestêdetocht]].<ref name="lc iepening"/> Sa'n 847.000 minsken seagen nei de útstjoering, mar de reäksjes wiene fier fan loovjend. Men miste benammen de gearhing tusken de ferskillende ûnderdielen fan it programma en útlis oer wat men te sjen krige.<ref>{{Aut|Schaik, Job van}}, ''Waarom om Zes Uur Thuis?'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 29 jannewaris 2018, s. 2.</ref><ref name="clichés">{{Aut|Oenema, Rixt}}, ''Friesland Is Wel Klaar met Alle Clichés'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 30 jannewaris 2018, s. 3.</ref> Yn 'e ''[[Ljouwerter Krante]]'' waard letter dy wyks in [[ynstjoerd stik]] opnommen fan in sjogger út [[Dokkum]] dy't him der freeslik oan ergere hie dat Sissing blykber net de muoite nommen hie om foarôf even te ynformearjen nei de útspraak fan 'e Fryske wurden dy't er oplêze moast: "''Wa't, lykas Frits Sissing, fanneeds wat yn it Frysk sizze moat, plakt dan faak pratendeweis de letters op papier oaninoar. Hoe't it klinkt, makket neat út. It is dochs mar Frysk.''"<ref>{{Aut|Hania, Sjoerd}}, ''Iepen mienskip, ús heit en "It giet oan"'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 30 jannewaris 2018, s. 19.</ref> De AVROTROS sei yn reäksje op 'e [[krityk]] dat men besocht hie om yn gearwurking mei de organisaasje fan LF2018 "in moai ferslach" fan 'e iepening te meitsjen, en dat it harren muoide dat se net "foldwaan kinnen hiene oan 'e ferwachting fan eltsenien".<ref name="clichés"/>