Ferskil tusken ferzjes fan "Teide"

1.067 bytes grutter ,  2 jier lyn
L
+ ynfoboks
(kt)
L (+ ynfoboks)
 
{{Ynfoboks berch
[[File:Teide_año_2011.jpg|right|thumb|250px|De Teide.]]
| namme = Teide
| ôfbylding = Teide_año_2011.jpg
| ôfbyldingsbreedte =
| ôfbyldingstekst =
| lân = [[File:Flag of Spain.svg|border|20px]] [[Spanje]]
| bestjoerlike ienheid1 = aut. mienskip
| namme bestjoerlike ienheid1= [[File:Flag of the Canary Islands.svg|border|20px]] [[Kanaryske Eilannen]]
| bestjoerlike ienheid2 = provinsje
| namme bestjoerlike ienheid2= [[File:Provincia de Santa Cruz de Tenerife - Bandera.svg|border|20px]] [[Santa Cruz de Tenerife (provinsje)|Santa Cruz de Tenerife]]
| bestjoerlike ienheid3 =
| namme bestjoerlike ienheid3=
| koördinaten = 28°16′23″ N 16°38′22″ W
| hichte boppe seenivo = 3.718 m
| relative hichte =
| folsleine hichte = 7.500 m
| oerflak =
| soarte berch = aktive [[fulkaan]]
| lêste útbarsting = [[1909]]
| âldens = 160.000 jr
| stiensoarte =
| 1e beklimming = [[1582]]
| 1e beklimmer =
}}
De '''Teide''' of '''El Teide''' ([[Spaansk]]: ''Pico del Teide'', útspr.: ['piko ðel 'tei̯ðe], likernôch: "piko zel tee-y-ze") is in [[fulkaan]] op it [[eilân]] [[Teneryf]], yn 'e [[Kanaryske Eilannen]], in [[arsjipel]] foar de kust fan noardwestlik [[Afrika]] dy't bestjoerlik ta [[Spanje]] heart. Dizze fulkaan is 3.718 m heech, en is dêrmei de heechste [[berch]] fan sawol Spanje as fan alle eilannen yn 'e [[Atlantyske Oseaan]]. Metten fan 'e [[see]]boaiem ôf is de Teide sels 7.500 m heech, en dêrmei de op twa nei heechste fulkaan yn 'e wrâld, nei de [[Mauna Kea]] en de [[Mauna Loa]], dy't beide op it [[Hawaï-eilannen|Hawaïaanske]] eilân [[Hawaï (eilân)|Hawaï]] lizze.
[[File:Lokaasje fan de Teide (fulkaan) op de Kanaryske Eilannen.png|left|thumb|300px|De lokaasje fan 'e Teide yn 'e [[Kanaryske Eilannen]].]]
 
Troch de hichte fan 'e Teide is [[Teneryf]] it op njoggen nei heechste [[eilân]] fan 'e wrâld. de Teide is noch altyd in [[aktive fulkaan]], en de meast resinte útbarsting datearret fan [[1909]]. Eardere histoaryske útbarstings fûnen plak yn [[1798]], [[1706]], [[1705]], [[1704]] en [[1492]]. Hoewol't der yn [[1909]] net in protte skea oanrjochte waard, hat de Teide it potinsjeel om tige ferwuostgjend te wêzen. Sa waarden yn [[1706]] de wichtige [[haven]]stêd [[Garachico]] en ferskate [[doarp]]en yn 'e omkriten ferrinnenwearre, en de [[myte]]n fan 'e [[Gûantsje (folk)|Gûantsje]], de oarspronklike bewenners fan 'e Kanaryske Eilannen, ferwize nei teminsten ien oare grutte útbarsting wêrby't in protte minsken omkamen. Yn 'e myte wurdt dy fulkanyske aktiviteit taskreaun oan 'e striid tusken de boasaardige [[fulkaan]]god [[Guayota]] en de [[skepper-god]] [[Achamán]]. De neite fan 'e Teide ta ferskate gruttere plakken, wêrûnder [[Garachico]], [[Icod de los Vinos]] en [[Puerto de la Cruz]], is sadwaande tige soarchlik.
[[File:Lokaasje fan de Teide (fulkaan) op de Kanaryske Eilannen.png|left|thumb|300px400px|De lokaasje fan 'e Teide yn 'e [[Kanaryske Eilannen]].]]
 
De Teide en omkriten foarmje it [[Nasjonaal Park Teide]], dat in [[oerflak]] fan likernôch 18,9 km² hat. Op [[28 juny]] [[2007]] waard dat [[nasjonaal park]] op 'e [[Wrâlderfgoedlist]] fan 'e [[UNESCO]] pleatst. De Teide is de meast besochte natuerlike besjensweardichheid yn hiele Spanje, en it Nasjonaal Park Teide is it meast besochte nasjonaal park fan it lân, en teffens fan [[Jeropa]]. Mei likernôch 3 miljoen besikers jiers is it ek it op sân nei meast besochte nasjonaal park fan 'e wrâld. Op 'e berchskeanten fan 'e Teide is ek in wichtige ynternasjonale [[stjerrewacht]] fêstige, it [[Teide Observatoarium]].