Merkueriusfontein: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Merkuriusfontein to Merkueriusfontein: red
L red
Rigel 1:
{{Koördinaten|53_11_57_N_5_47_46_E_type:landmark_zoom:17_region:NL|53° 12' NB, 5° 48' EL}}
[[Ofbyld:MercuriusFont.JPG|thumb|right|250px|De MerkuriusfonteinMerkueriusfontein yn Ljouwert]]
De '''MerkuriusfonteinMerkueriusfontein''' is in [[fontein]] op it saailân yn de stêd [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. De fontein waard yn [[1923]] troch de [[Feriening foar Frjemdlingenferkear|VVV]] skonken oan de stêd Ljouwert. De MerkuriusfonteinMerkueriusfontein stiet symboal foar de boarnen fan wolfeart fan Ljouwert (en omkriten) en waard ûntwurpen troch de Dútse byldhouwer [[Gustave-Adolf Bredow]].
 
De fontein krige syn plak op de Alde Feemerk njonken it [[Beurs en waachgebou (Ljouwert)|Beurs- en waachgebou]]. Dat hjirby weromgrepen waard op de klassike mytology is net sa frjemd. It Fryske ‘merke’ binne ôflaat fan it Latynske ‘mercatus’. Wa oars as de Romeinske god MerkuriusMerkuerius, beskermer fan de merk en de merkelju, soe de ekonomyske krêft fan Ljouwert symbolisearje moatte?
 
It liket der lykwols op dat inkele Ljouwerters har ek troch in foarfal út de âldheid ynspirearje litten hawwe. De [[Gryksk]]e steatsman [[Alcibiades]] waard yn [[415 f.Kr.]] út [[Atene]] ferdreaun omdat hy in pear bylden fan de god [[Hermes]] (de Grykske ‘ferzje’ fan MerkuriusMerkuerius) fan de eale dielen beroofd hie. Ek de Ljouwerter MerkuriusMerkuerius hat faak soksoarte mishanneling ûndergien. Oer it byldhouwurk binne de mienings frijwat ferdield.
 
Mar hoe moai of ûnsjoch de fontein soms ek fûn wurdt, de symbolyk fan de MerkuriusfonteinMerkueriusfontein giet fierder as it ferline. MerkuriusMerkuerius wie, bûten beskermer fan de merkelju, ek boadskipper fan de goaden. En no’t it yn de ekonomy hieltiten mear draait om ynformaasje(-technology), is Ljouwert – wat beskermhillige oanbelanget – yn alle gefallen klear foar de takomst.
 
It plak wêr’t de fontein stiet, wurdt binnen net al te lange tiid opnij ûntwikkele. De fontein sels sil in dikke hûndert meter opskowe nei it plein foar it tichtby steande [[Beurs en waachgebou (Ljouwert)|Beurs- en waachgebou]]. It winkelsintrum om de fontein hinne sil ferboud wurde.