Wurdumerdyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L wurd fergetten
Rigel 4:
De Wurdumerpoartbrêge hiet (alteast foarhinne) yn 'e folksmûle de 'Beursbrêge', om't fuort benoarden derfan it Ljouwerter [[Beurs en waachgebou (Ljouwert)|beurs- en waachgebou]] stiet. De Wurdumerdyk rint foar dat [[gebou]] lâns, dêr't letter jierrenlang de [[bibleteek|iepenbiere bibleteek]] sitten hat en yn [[2018]] in dependâns fan 'e [[Ryksuniversiteit Grins]] komt. Oan 'e noardkant fan dat gebou krúst de Wurdumeryk de [[Nijewei (Ljouwert)|Nijewei]], dy't fan it [[Saailân]] yn it westen yn 'e rjochting fan 'e [[Blokhûspoarte]] yn it [[easten]] rint.
 
Besuden dy krusing stiet no oan 'e eastkant de [[Merkueriusfontein]], dy't earst syn plak fierderop hie, oan 'e eastlike útein fan it âlde Saailân. Dêr moast er lykwols wike foar de nijbou fan it [[Frysk Museum]]. De Wurdumerdyk rint sadwaande no noardlik fan 'e neamde krusing fuort oan 'e eastside fan dat [[museum]] lâns. Dêrfoaroer stiet op 'e hoeke fan 'e Wurdumerdyk en de Nijewei it [[Amicitiagebou]], dat lang it lilkste gebou fan Fryslân neamd waard. Fan dat punt ôf is de Wurdumerdyk in drokbesochte [[winkelstrjitte]], dêr't û.m. in fêstiging fan 'e [[restaurant]]keatling [[McDonald's]] en in [[Blokker (winkelkeatling)|Blokker]]winkel sitte.
 
{{boarnen|boarnefernijing=