Donskoj-kleaster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
L RomkeHoekstra moved page Donskoi kleaster to Donskoj kleaster
LNo edit summary
Rigel 31:
| webside = [http://donskoi.org/ donskoi.org]
}}
It '''Donskoj-kleaster''' ([[Russysk]]: Донско́й монасты́рь) is in [[kleaster]] foar manlju yn de [[Ruslân|Russyske]] [[Moskou]]. It kleaster waard yn [[1591]] stifte en foarmet mei it grutte tal tsjerken, de muorren, tuorren en it tsjerkhôf in wichtich religieus en toeristysk monumint en de haadstêd. It leit oan de Donskaja Ulitsa, súdlik fan de âlde binnenstêd en noch krekt binnen de stedsgrinzen fan foar 1917.
 
== Skiednis ==
Rigel 37:
It Donskoj-kleaster waard sûdlik fan de stêd stifte ûnder it regear fan tsaar [[Fjodor I fan Ruslân|Fjodor Ivanovitsj]]. De skiednis begûn mei de bou fan in lytse, ienkoepelige katedraal dy't oan de Mem Gods fan de Don wijd waard. Om dy katedraal te ûnderskieden fan de letter boude katedraal mei deselde namme wurdt dy earste katedraal hjoeddedei de Alde of Lytse Katedraal neamd. De arsjitektuer fan de Alde Katedraal komt net oerien mei dy fan in tradysjonele kleasterkatedraal en hat folle mear fan de yn dy tiid boude parochytsjerken, lykas de yn 1931 sloopte Apostel-Nikolaastsjerke yn it stedsdiel Arbat.
 
Dat it kleaster en de katedraal wijd waarden oan de Mem Gods fan de Don hie te meitsjen mei de oanwêzigens fan it Ikoan fan de Mem Gods fan Don op itselde plak yn de dagen dat de [[Tataren]] Moskou bedrigen en der in mobyl fort op dit plak fêstige wie om Moskou te ferdigenjen. Dat ikoan waard yn dy nuodlike tiid út de [[Ferkundigingskatedraal (Moskou)|Ferkundigingskatedraal]] yn it [[Kremlyn fan Moskou|kremlyn]] helle en ûnderbrocht yn it kamp fan [[Boris Godûnov]], dêr't in tydlike Sergius vanfan Radonezjtsjerke stie. It ikoan moast Ruslân bystean om te helpen by de striid tsjin de fijân, sa't it dat neffens de tradysje earder ek dien hie by de [[Slach om Kûlikovo]] yn 1380, doe't [[Dmitri Donskoj]] it ikoan meinommen hie. De Tataren joegen belies en waarden by de weromtocht ferslein.
 
In grut kleaster wie it ynearsten net. Yn de ûnrêstige tiid tusken 1604 en 1613 waard it troch [[Poalen|Poalske]] troepen ferneatige en bleau it foar in lange tiid ferlitten. De sitewaasje fan it kleaster begûn te feroarjen doe't oare kleasters oan it Donskoj-kleaster waarden tawiisd. Tsjin it ein fan de 17e iuw waard mei help fan tsarevna Katarina Aleksejevna útein set mei in omfangryk bouprogramma. Yn 1698 waard in folle gruttere katedraal ynwijd. Dy ek oan it Don-ikoan wijde tsjerke wurdt ek wol de Grutte Katedraal neamd. Likernôch yn deselde tiid (1686-1711) krige it kleaster in nije ommuorringbemuorring mei tolve tuorren, dy't wol wat ha fan de tuorren fan it [[Nowodewitsjy-kleaster|Novodewitsjy-kleaster]].
[[File:Murder of Archbishop Ambrosius (Geoffroy, 1845).JPG|thumb|250px|''De oanslach op aartbiskop Ambrosius (Charles Michel Geoffroy, 1845)'']]
It gyng it kleaster yn de 18e iuw goed foar de wyn en it besiet in soad grûn mei liifeigenen. Yn dy tiid ûnstie it kleaster sa't it tsjintwurdich oerlevere is. Der waard in poartetsjerke boud (1713-1714), in klokketoer boppe de westlike poarte (foltôge yn 1753) en in ferbliuw foar de archimandriten (1745-1750). Ek kamen der oare nije gebouwen, wylts de muorren fan de Grutte Katedraal beskildere waardwaarden mei nije fresko's fan de italjaanske keunstner [[Antonio Claudio]].
[[File:Донской монастырь 012 копия.jpg|thumb|200px|left|''De Grutte Katedraal'']]
 
In tragysk barren fûn yn 1771 yn it kleaster plak. It Russyske leger hie fanút súdeast Jeropa de [[pest]] meinaam en ydy feroarsake yn de jierren 1770-1771 in [[epidemy]]. Doe't bekednbekend waard dat yn 1771 ek yn Moskou de pest omware, dreau de wanhope fan de minsken de befolking ta anargy. Dokters waarden der fan beskuldige pasjinten moedwillich dea gean te litten of sels te fergiftigjen. Maatregels om de epidemy tsjin te gean, lykas it ferbaarnen fan de klean fan slachtoffers, waarden ferkeard begrepen en soargen wer foar nij gewelt. Sûnder tastimming waarden de prosesjes holden mei it risiko fan fierdere besmetting. No hie aartsbiskop Ambrosius ek in wûnderdiedich ikoan oan de Barbarapoarte ferwiderje litten, om't dêr grutte kloften byinoar kamen en sa de epidemy fierder holpen te fersprieden. Dat feroarsake grutte lilkens en foar in nije weach fan geweltgeweld. Wylst de aartsbiskop him yn it Donskoj-kleaster skûl hold oerfoel in dwylsinnige mannichte it kleaster en lynchte dêr de aartsbiskop. De dieders fan it trelit waarden identifisearre en ophongen.
Yn de 19e iuw waard op it kleasterterrein in skoalle oprjochte om kandidaten ta te rieden foar it seminarium. Ek hie it kleaster in skoalle fan ikoanenskilders. it kleastertsjerkhôf waard aloan grutter. Foar de revolúsje hie it kleaster de heechste status dy't it hawwe koe.
Rigel 51:
Al gau nei de [[Oktoberrevolúsje|revolúsje]] fan 1917 begûn de nije anty-religieuze oerheid mei it opheffen fan kleasters en ek it Donskoj-kleaster waard al yn 1918 formeel sletten. It monastike libben gyng lykwols noch troch oant it ein fan de jierren 1920. Yn dy perioade krige patriarch [[Tichon fan Moskou|Tichon]] nei syn arrestaasjes hûsarrest yn it kleaster en ûndergyng alderlei narderij fan de [[bolsjewiken]]. De patriarch ferstoar yn 1925 yn in klinyk en waard mei [[Palmpeaske]] by de súdlike muorre yn de âlde katedraal yn in nammeleas grêf begroeven.
 
Yn de jierren 1920 waard in anty-relieuze útstalling yn it kleaster organisearre. Letter waard der yn it kompleks in anty-religieus keunstmuseum oprjochte. Op it tsjerkhôf waard yn 1927 in krematoriumkrematoarium boud, mei hege útsûndering mocht der noch op it hôf begroeven wurde. Yn 1929 wiene alle kleastertsjerken fan it eardere kleaster sletten foar de earetsjinst. Weardevolle 18e oant 19e iuwske dokuminten út it kleasterargyf ferhûzen nei de steatsargiven.
[[File:DonskoyRelief3.jpg|thumb|250px|''Bewarre reliëf fan de yn de jierren 1930 ferneatige Ferlosserkatedraal'']]
Yn de jierren 1930 waarden allegear fragminten fan guon ôfbrutsen tsjerken nei it terrein brocht, lykas dy fan de [[Himelfearttsjerke oan de Pokrovkastrjitte (Moskou)|Himelfearttsjerke]] oan de Pokrovkastrjitte, de Nikolaastsjerke fan [[Bely Gorod]], de heech-reliëfs fan de [[Kristus-Ferlosserkatedraal (Moskou)|Ferlosserkatedraal]] en in fragmint fan de Sûcharev-toer en de byldhoukeunst fan de triomfbôge dy't op it Triumfalnaja Plein stien hie. Yn 1964 waard it kleaster in dependânse fan it Museum fan Arsjitektuer.
Rigel 58:
 
== Weroplibbing ==
Yn 1991 waard it Donskoj-kleaster wer oerdroegen oan it patriarchaat fan Moskou. De Grutte Katedraal waard op 18 augustus wer op 'e nij ynwijd. Deselde jûn waard de Lytse Katedraal troch in ynkringer yn 'e brân stutsen. By de restauraasjewurksumheden waarden opgravings útfierd, wêrby't op 19 febrewaris 1992 it grêf fan patriarch Tichon iepene waard, alhoewol't it oant dan ta noch altiten net wis wie oft it grêf dêr yndied wol lei. It oerskotomskot fan de patriarch waard dêrnei yn in [[sarkofaach]] lein en oerbrocht nei de Grutte Katedraal.
 
== Tsjerken <ref>[http://temples.ru/card.php?ID=6042 Temples.ru]</ref>==