Ferskil tusken ferzjes fan "Kahoölawe"

806 bytes grutter ,  2 jier lyn
L
+ ynfoboks
L (+ ynfoboks)
{{Universele ynfoboks gebiet
[[File:Map_of_Hawaii_highlighting_Kahoolawe.svg|right|thumb|250px|De lizzing fan Kahoölawe yn 'e [[Hawaï-eilannen]].]]
| namme = Kahoölawe
| ôfbylding = Kahoolawe vegetation.jpg
| ôfbyldingsbreedte =
| ôfbyldingstekst = It lânskip op Kahoölawe.
| ynwennertal = 0 <small>(2010)</small>
| oerflak = 116,5 km²
| befolkingstichtens = 0 / km²
| lân = [[File:Flag of the United States.svg|border|20px]] [[Feriene Steaten]]
| bestjoerlike ienheid 1 = steat
| namme bestjoerlike ienheid 1= [[File:Flag of Hawaii.svg|border|20px]] [[Hawaï]]
| bestjoerlike ienheid 2 =
| namme bestjoerlike ienheid 2=
| bestjoerlike ienheid 3 =
| namme bestjoerlike ienheid 3=
| haadplak =
| grutste plak =
| stifting =
| tiidsône = [[UTC]] –10
| simmertiid = gjin simmertiid
| webside =
}}
'''Kahoölawe''' ([[Ingelsk]]: ''Kahoolawe'', útspr.: [kə'ho:<sup>u</sup>.əlɑ:wi:], likernôch: "kuh-hoowe-laawii"; [[Hawaïaansk]]: ''Kaho‘olawe'', útspr.: [kə'hoʔolɐve], likernôch "kuh-hoo-oo-luh-vee") is it lytste fan 'e acht haadeilannen fan 'e [[Hawaï-arsjipel]], in [[eilannegroep]] yn 'e midden fan 'e [[Stille Oseaan]]. It is teffens it iennichste fan 'e acht haadeilannen dat gjin fêste bewenners hat. Kahoölawe hat de bynamme fan ''the Target Isle'' ("it Besjittingseilân"), om't it foarhinne troch de [[Amerikaanske Marine]] brûkt waard as oefengebiet. Bestjoerlik foarmet it eilân mei de buoreilannen [[Maui]] en [[Lanaï]] en it grutste part fan [[Molokaï]] de [[county (Feriene Steaten)|county]] [[Maui County (Hawaï)|Maui]].
 
==Geografy==
Kahoölawe hat in [[oerflak]] fan 116,5&nbsp;km², en mjit 18&nbsp;km fan east nei west by 9,7&nbsp;km fan noard nei súd. Dêrmei is it lytste fan 'e acht haadeilannen fan 'e [[Hawaï-arsjipel]]. Kahoölawe leit 11,2&nbsp;km súdwestlik fan it gruttere eilân [[Maui]], dêr't it fan skaat wurdt troch it [[ʻAlalākeiki-kanaal]]. Yn noardwestlike rjochting leit oare kant it 18&nbsp;km brede [[Kealaikahiki-kanaal]] it gruttere eilân [[Lanaï]]. Oan 'e súdeastkant fan Kahoölawe leit it eilân [[Hawaï (eilân)|Hawaï]] in stik fierderôf, oare kant it [[ʻAlenuihāhā-kanaal]].
[[File:KahoolaweLandsatMap_of_Hawaii_highlighting_Kahoolawe.jpgsvg|left|thumb|250px|InDe satellytfotolizzing fan Kahoölawe yn 'e [[Hawaï-eilannen]].]]
 
Krekt as de oare [[Hawaï-eilannen]] is Kahoölawe oarspronklik foarme troch [[fulkaan|fulkanyske aktiviteit]]. De heechste [[fulkaan|krater]] op it eilân is de [[Pu‘u Moaulanui]], mei in hichte fan 450&nbsp;m boppe seenivo. Fanwegen syn yn ferhâlding ta de oare Hawaï-eilannen flakke lânskip en it feit dat Kahoölawe oangeande de noardeastlike [[passaatwyn|passaatwinen]] yn it [[reinskaad]] fan 'e hege [[Haleakalā]]-fulkaan fan it buoreilân [[Maui]] leit, kriget it eilân mar in bytsje [[delslach (waar)|delslach]]. Sadwaande is Kahoölawe sterk [[boaiemeroazje|erodearre]], foar in fjirdepart sels oan 'e hurde [[rots]]boaiem ta.
==Skiednis==
[[Archeology]]ske fynsten bewize dat Kahoölawe om it jier [[1000]] hinne foar it earst [[kolonisaasje|kolonisearre]] waard troch de lânseigen [[Hawaïanen|Hawaïaanske]] befolking, wêrfan't de earsten har 700 jier earder op 'e [[Hawaï-eilannen]] nei wenjen set hiene út súdliker kontreien fan [[Polyneezje]] wei. Iuwenlang waard it eilân regearre troch rivalisearjende ''[[ali‘i]]'' (haadlju), wêrby't in grut part fan it lân troch [[oarloch]] ferwuostge waard. Yn 'e twadde helte fan 'e [[achttjinde iuw]] waard Kahoölawe boppedat plondere troch [[Kamehameha de Grutte]], de kening fan it eilân [[Hawaï (eilân)|Hawaï]], by dy syn besykjen om it eilân [[Maui]] te feroverjen op [[Kahekili II]], de kening fan Maui.
[[File:Aerial-Makena-Molokini-Kahoolawe.jpg|right|thumb|250px|Kahoölawe (yn 'e fierte) sjoen fanôf [[Maui]].]]
 
Fan [[1778]] ôf, doe't de earste [[Jeropa|Jeropeeske]] [[ûntdekkingsreizger]]s de [[Hawaï-eilannen]] [[ûntdekking fan Hawaï|besochten]], waard Kahoölawe beskreaun as in ûnbewenne en ûnfruchtbere woastenije, dêr't gjin [[beam]]men groeiden noch [[wetter|drinkwetter]] te finen wie. Nei't yn [[1795]] de hiele arsjipel ûnder de hearskippij fan [[Kamehameha de Grutte]] feriene wie ta it [[Keninkryk Hawaï]], en [[sindeling]]en út [[Nij-Ingelân]] wei Westerske ideeën op 'e eilannen yntrodusearren, waard Kahoölawe omtrint [[1830]] ûnder it regear fan kening [[Kamehameha III]] ta in [[strafkoloanje]] foar manlju makke. Dizze ferballing nei in ûnherberchsum oard waard op oanstean fan 'e sindelingen ynfierd ta ferfanging fan 'e [[deastraf]]. It is mar de fraach oft de ballingen it wol in ferbettering fûnen, mei't it sizzen is dat guon fan harren op Kahoölawe ferhongeren, wylst oaren sa wanhopich wiene dat se it 11&nbsp;km brede [[ʻAlalākeiki-kanaal]] nei Maui oerswommen om oan iten te kommen. Yn [[1853]] waard de strafkoloanje opheft. Yn [[1857]] hie Kahoölawe likernôch 50 bewenners, dy't mei [[oerbeweiding]] troch harren [[fee]] de desolaasje fan it eilân noch helte minder makken.
[[File:KahoolaweLandsat.jpg|right|thumb|250px|In satellytfoto fan Kahoölawe.]]
 
Nei't de [[Hawaï-eilannen]] yn [[1898]] [[Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï|anneksearre wiene]] troch de [[Feriene Steaten]], waard Kahoölawe fan [[1910]] oant [[1918]] ta in wâldreservaat makke, yn 'e hope dat troch it fuortheljen fan it weidfee de natuerlike [[floara]] fan it eilân der wer boppe-op komme soe. Doe't der gjin tekens wiene dat dat barre soe, waard Kahoölawe yn [[1918]] ferpachte oan 'e [[fee]]boer [[Angus MacPhee]] út [[Wyoming]], dy't der (fanwegen de hieltyd weromkearende [[drûchte]]n) mei mar midsmjittich súkses in [[fee]]pleats begûn. Yn [[1941]] beëinige MacPhee syn bemuoienissen mei it eilân en waard de pacht oernommen troch de [[Amerikaanske Striidkrêften]].
[[File:Aerial-Makena-Molokini-Kahoolawe restoration work.jpg|left|thumb|250px|InKahoölawe [[yrrigaasje]]projekt(yn op'e Kahoölawefierte) omsjoen werfanôf [[plantMaui]]elibben op it eilân te krijen.]]
 
Under de [[Twadde Wrâldoarloch]] ([[1941]]-[[1945]]) waard Kahoölawe brûkt as opslachplak foar legerfoarrieden en treningslokaasje foar troepen. Teffens waard doe úteinset mei it gebrûk fan it eilân as oefenplak foar bombardeminten troch [[fleantúch|fleantugen]] fan 'e [[Amerikaanske Marine]]. Inselde rol spile Kahoölawe yn 'e fyftiger jierren ûnder de [[Koreaanske Oarloch]] en yn 'e sechtiger en santiger jierren ûnder de [[Fjetnamoarloch]]. Fan [[1976]] ôf focht de organisaasje ''Protect Kahoolawe Ohana'' it gebrûk fan it eilân foar militêre oefenings foar de [[rjochter]] oan. In útspraak út [[1977]] stie de marine ta om troch te gean mei de besjittings, mar tagelyk moast der in rapport opsteld wurde oangeande de ynfloed fan 'e bombardeminten op it [[miljeu]] en in list mei alle [[archeology]]ske fynplakken fan Kahoölawe.