Romtefeart: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
No edit summary
 
Rigel 5:
Ferhalen oer minsken dy't de ierde ferlitte, en mei namme nei de [[Moanne (himellichem)|Moanne]] reizgje, binne al hiel âld. Net it âldste, mar faaks it ferneamdste ferhaal is ''Reis nei de Moanne'' fan [[Jules Verne]], dêr't er presys yn seit hoe't in romtefartúch troch in kanon ôfsketten brûkt wurde kin foar in tocht nei de moanne.
 
Op [[3 oktober]] [[1942]] waard in [[A4-raket]], as earste ding makke troch de minkseminske, de romte yn sketten, wylst as earste skepsels op [[9 july]] [[1946]] fruitmiggen en maissied yn Amearika yn in [[V-wapens|V-2]] de romte yn sketten waarden.
 
De [[keunstmoanne]] [[Spoetnik 1]] út de [[Sowjetuny]] wie op [[4 oktober]] [[1957]] it earste ding dat troch de minskminske yn in baan om de ierde brocht waard. Yn [[Spoetnik 2]] kaam it hûntsje [[Laika]] [[3 novimber]] [[1957]] as earste skepsel yn in baan om de ierde. Op [[12 april]] [[1961]] wie [[Joeri Gagarin]] de earste minske yn de romte.
 
Nei dy flechten om de ierde kamen de tochten nei de Moanne. Op [[14 septimber]] [[1959]] berikkeberikte de [[Luna 2]] út de Sovjetuny as earste de Moanne. Mar earst op [[21 july]] [[1969]] sette de Amearikaan [[Neil Armstrong]] as earste minske foet op de Moanne.
 
Nei dy ûntwikkelings kaam de klam mear te lizzen op oan de iene kant [[romteferkenner]]s, ûnbemanne raketten dy't nei oare planeten stjoerd wurde en foto's en oare ynformaasje weromstjoere nei de Ierde, en oan de oare kant [[romtefear]]en, werbrûkbere romteskippen dy't brûkt wurde foar eksperiminten bûten de dampkring en foar ûnderhâld oan keunstmoannen.