Ferdinand de Jong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
Daam (oerlis | bydragen)
Rigel 26:
== Biografy ==
Fan jongs ôf oan hat De Jong graach lêze mocht. Letter skreau er anonym stikjes foar de [[doarpskrante]]. Dêrtroch hie er aardichheid krigen oan it skriuwen; it ferhaal foar de earste roman kaam al rillegau yn 'e holle. Doe't er it klear hie, hie De Jong it foarlein oan [[Klaas Bruinsma (literêr oersetter)|Klaas Bruinsma]], oersetter fan Grykske en oare klassike talen yn it [[Frysk]]. Nei dy syn oanwizings, besleat er mei te dwaan oan it projekt 'Skriuw', in begeliedingsprojekt foar begjinnende skriuwers dat organisearre wurdt troch It [[Skriuwersboun]]. De Jong krige dêrby begelieding fan [[Elske Schotanus|Elske]] en Marja Schotanus.<br>
Yn 2010 ferskynde De Jong syn debútroman mei de titel ''Guozzeflecht'' by de [[Friese Pers]]. It is in spionaazjeroman opdield yn trije parten, de earste spilet him ôf yn [[Sibearje]]. In jier letter, yn 2011, folge syn twadde roman mei de titel 'It dak fan de wrâld'. It is in boek dat de lêzer meinimt nei de heechste berch fan de wrâld, de [[Mount Everest]]. Yn 'e maitiid fan 2012 ferskynde syn tredde roman, ''De lêste trúk''. It boek waard presintearre op 1 juny fan dat jier yn it [[Paleis fan Justysje]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. ''Bedoarne hannel'' waard yn 2014 presintearre yn [[Boarnburgum]] en wie syn lêste útjefte by de Friese Pers. Yn 2015 waard ''De Nova Scotia staazje'' útjûn troch [[Bornmeer]] fan [[De Gordyk]] en dêr ek presintearre. It boek is foar in grut part autobiografysk en beskriuwt De Jong syn staazje fan de lânbouskoalle út yn [[Nova Scotia]], [[Kanada]]. Yn [[2017]] krige De Jong in wurkbeurs en koe sadwaande ôfreizgje nei [[Norilsk]] yn [[Sibearysk|Sibearje]] dêr’t er û.o. de noardlikste oerkape iishockeyhal besocht. De Jong rûn al lang mei it idee yn de holle om om in roman oer iishockey te skriuwen en sadwaande ferskynde fan syn hân yn [[2018]] ''De treedetredde perioade'', de earste Frysktalige roman oer iishockey. De roman waard tagelyk yn it Hollânsk útjûn en presintearre yn de ''Business Lounge'' fan [[Unis Flyers]] yn [[Thialf]].
 
Ferdinand de Jong is boeresoan en hat de Middelbere lânbouskoalle folge, mar boer is er nea wurden. Earst hat er in skoft produksjemeiwurker west yn it [[suvelfabryk]] fan [[Wolvegea]]. Dêrnei siet er alve jier yn de produksje fan feefoer by Koudijs fan [[Snits (stêd)|Snits]]. Hy is op 't stuit as lytse selsstannige oan ’t wurk; hy hat in tal [[Tsjerkhôf|tsjerkhôven]] ûnder behear.