Menso Alting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 3:
'''Menso Alting''' ([[Eelde]], [[9 novimber]] [[1541]] - [[Emden]], [[7 oktober]] [[1612]]) wie in [[Nederlân]]sk [[predikant]] en tsjerkeherfoarmer.
 
Menso Altins waard berne yn [[Eelde]]. Nei inkele skoallen yn [[Nederlân]] en [[Dútslân]] hat er teology studearre yn [[Keulen]]. Yn [[1564]] waard er beneamd ta [[fikaris]] fan [[Haren]]. Inkele moannen letter waaedwaard er beneamd ta [[pastor]] fan [[Sleen]]. Wierskynlik hat Menso Alting yn dy perioade nea yn Sleen west en brûkte er dy funksjes, dy’t er te tankjen hie oan ynfloedrike famyljeleden, allinnich as ynkomsteboarne foar syn stúdzje.
 
Noch tidens syn stúdzje gie er by de [[protestantisme|protestantske]] beweging. Hy sette syn stúdzje troch yn [[Heidelberg]]. Dêr waard syn soan [[Basilius Alting]] (1572-1637) berne dy't letter in wichtich bestjoerder yn Emden wurde soe. Neidat er klear wie mei de stúdzje gie hy werom nei Helpen en Sleen om de ynwenners ta it [[Kalvinisme]] te bekearjen.
 
Yn july [[1567]], nei de [[byldestoarm]] gie er nei Dútslân. Yn Nederlân wie hy syn libben net seker. Yn [[1575]] belâne er yn [[East-Fryslân]], yn de stêd [[Emden]]. Om dy tiid bestie hast de helte fan de befolking fan dy stêd út flechtelingen út De [[Nederlannen]]. Nei skatting binne yn de twadde helte fan de [[16e iuw]] sa'n 6000 Nederlanners nei Emden ta gien.