Starum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 33:
It âlde Starum ûntstie op in knooppunt fan wetter- en lânwegen. It lei oan in rivierke dat yn it [[Fly]] útrûn. It Fly wie in brede slinke, dy't de ferbining foarme tusken de [[Flevomar]] en de [[Noardsee]]. Ien fan de âldste lânwegen fan it Dútske Ryk rûn oer Coevorden en Stienwyk nei Starum en dêrwei fierder oer it wetter nei [[Medemblik]]. Wa't oer dize wei reizge, moast by Starum dus oer it Fly setten wurde. Skippen út Utert fardn troch de Vecht, fia de Flevomar en it Fly nei de Noardsee en kamen ek lâns Starum, Sa koenen se Fryslân ynfarre. Dit hat grif ek de rûte west dy't [[Bonifatius]] yn 754 fanút Utert nei Dokkum folge hat.
 
Troch it drokke ferkear fan de haven yn de rjochting fan [[Stienwyk]] en [[Koevorden]] stifte de muonts [[Odulf|Odulfus]] hjir in kleaster. Hy wie stjoerd troch de biskop fan Utert om de Friezen te bekearen ta kristen. Odulfus kaam fia de [[Fecht (Utert)|Fecht]]], de Flevomar en It Fly by de kust en foer troch oant Starum en fêstige hjir yn [[837]] it Odulfuskleaster.
 
Starum krige as earste fan de [[Fryske stêden| Fryske âlve stêden]] stedsrjocht. Yn de twadde helte fan de alfde iuw regearde in Dútske grevenfamylje yn Fryslân, de [[Brunoanen]], neamd nei harren stamfaar, dy't Bruno hjitte. Greve Egbert, ek in telch út dizze famylje fan Brunonen, ferliende Starum al yn in [[1061]] stedsrjochten, dy't de Dútske keizer [[Hindrik V fan it Hillige Roomske Ryk|Hindrik V]] yn 1118 bekrêftige. It wie in hannelsstêd fan belang, mei hannel oant yn [[Ingelân]] en [[Sweden]] ta. De [[grutskipper|grutskippers]] en keaplju underhâlden in soad hannelsrelaasjes mei de lannen om de Eastsee. Troch de útfining fan in nij type skip, de [[kogge]] ûntwikkele dy hannel him nei 1100 omraak.