Hoe't God Ferdwûn út Jorwert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Alinne útlânske wurden skean
L behalven útlânske wurden wol ik titels ek graach skean hâlde
Rigel 3:
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| titel = ''Hoe't God Ferdwûn út Jorwert''
| oarspr. titel = ''Hoe God Verdween uit Jorwerd''
| auteur = [[Geert Mak]]
Rigel 26:
| ISBN oers. = 978-9 49 24 57 066
}}
'''''Hoe't God Ferdwûn út Jorwert''''', yn it oarspronklike [[Nederlânsk]]: '''''Hoe God Verdween uit Jorwerd''''', is in [[non-fiksje]]boek fan 'e hân fan 'e [[Nederlân]]ske [[skriuwer]] [[Geert Mak]]. It ferhellet oer it [[doarp]] [[Jorwert]], yn 'e [[Fryslân|Fryske]] [[Greidhoeke]], en de feroarings dy't dêr plakfûnen yn it tiidrek tusken [[1945]] en [[1995]]. It soe omskreaun wurde kinne as de [[biografy]] fan it doarp. Mei dit [[boek]] briek Mak troch en rekke er bekend yn hiel Nederlân, en yn [[1999]] wûn er der de [[Henriëtte Roland Holst-priis]] mei. ''Hoe God Verdween uit Jorwerd'' waard foar it earst publisearre yn [[oktober]] [[1996]], troch [[Uitgeverij Atlas]], yn [[Amsterdam]]. De [[Frysk]]e oersetting, makke troch [[Abe de Vries (skriuwer)|Abe de Vries]], ferskynde yn [[2017]] by [[Het Nieuwe Kanaal]], yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
==Ynhâld==
''Hoe't God Ferdwûn út Jorwert'' ferhellet oer de feroarings dy't yn [[Jorwert]] plak hawwe nei de [[Twadde Wrâldoarloch]]. Dêrby wurdt benammen de ûndergong fan it [[boer]]elibben op it [[plattelân]] yngeand beskreaun. Iuwenlang hat it doarp suver stilstien yn 'e tiid en is der net in soad feroare. Mar nei de [[oarloch]] ûntjout Jorwert him fan in lyts boeredoarpke nei in wenplak foar [[forins]]en dy't net yn 'e stêd wenje wolle, en in [[rekreaasje]]bestimming foar [[toeristen]]. Wêr't de minsken foar de oarloch bot oaninoar [[besibbe]] wiene, feroaret dat neitiid allegear.
 
De [[melkmasine]] docht syn yntree, mei as gefolch dat de [[boere-arbeider]] gjin wurk mear hat. Boeren krije in [[molkkwotum]] taparte, en moatte har geandewei oan almar mear regeljouwing hâlde dy't har fan oerheidswegen oplein wurdt. Foar in protte fan harren kin dat net út, en sadwaande moatte guon ophâlde, wat de oerbliuwende [[feehâlderij]]bedriuwen helpt om hieltyd grutter te groeien.