Aai: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 7:
It aai bestiet út in djerre (de [[aaisel]]) dat de sygoate/embryo en in protte fiedingsstoffen befettet, mei dêromhinne in beskermjend omklaaisel dat oan de ein fan de ûntwikkeling ek opiten wurdt: it wyt fan it aai (dat in soad wetter befettet).
 
Bisten dy't aaien lizze binne [[Fisken]], [[amfibyen]], [[ynsekten]], [[reptilen]], [[fûgels]] en [[monotreem|monotreme]] [[sûchdieren]]. Sa foarmet bygelyks kikkerdrilkikkertdril de aaien fan [[kikkerts]].
Aaien fan fûgels wurde beskerme troch in hurde, kalkeftige skaal. Reptile-aaienReptylaaien hawwe in sêftere, mar ek stevige skaal.
 
De [[aai (fieding)|aaien]] fan [[hin]]nen en oar [[plomfee]], en fan sommige [[fisken]], wurde troch de minskminske iten.
== Fûgelaaien ==
De aaien fan fûgels wurde meastentiids yn in nêst lein, dêr't se troch ien of beide âlden bebret wurde.
De aaien fan ferskillende soarten fûgels binne allegear ûngelyk. Eartiids waard de kennis fan de ferskillen tusken de aaien brûkt as in metoade om fûgels te determinearjen. Dêrneist waard it samljensammeljen fan aaien ek as hobby dien.
Mei de ynfiering op 23 septimber 1912 fan de Fûgelwet waard it “ferbean aaien fan beskerme fûgels út te heljen, ta ferkeap foarhannen te hawwen, te keap oan te bieden, te ferkeapjen, ôf te leverjen of te ferfieren.” In útsûndering gie oer it sykjen fan ljipaaien en fan aaien fan inkele oare fûgelsoarten. <br />
Allinnich foar it oanlizzen fan wittenskiplike kolleksjes waadenwaarden noch ûntheffings ferliend. Sokke kolleksjes binnenbinne no allinnich noch yn museums.
 
Resint waard de kolleksje fan Albertus Adrianus Hey út Hillegom (1905 – 1982), dy't yn it besikerssintrum De Oranjekom yn de [[Amsterdamse Wetterliedingdunen]] yn [[Vogelenzang (Bloemendaal)|Vogelenzang]], bedarre wie, oerdroegen oan it [[Naturalis|Nasjonaal Natoerhistoarysk Museum Naturalis]] yn [[Leien]]. De kolleksje bestie út 382 aaien fan 81 fûgelsoarten en is nei alle gedachten yn de lette jierren fjirtich en fyftich fan de 20e iuw ta stân komd. De aaien kamen foar it meastepart út de Amsterdamse Wetterliedingdunen en inkele gebieten yn de [[Saanstreek]].