Wurdumerdyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L noch wat
L [[]] oars
Rigel 1:
[[File:Voorgevel - Leeuwarden - 20133013 - RCE.jpg|right|thumb|250px|De Wurdumerdyk yn [[1963]].]]
De '''Wurdumerdyk''' ([[Nederlânsk]] en offisjeel: ''Wirdumerdijk'') is in [[strjitte]] yn it [[binnenstêd|sintrum]] fan 'e [[Fryslân|Fryske]] [[haadstêd]] [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Dizze strjitte rint fan 'e [[Wurdumerpoartebrêge]] oer de [[Suderstedsgrêft (Ljouwert)|Suderstedsgrêft]] yn it [[suden]] suver streekrjocht nei it [[noarden]] ta. Hy einiget by de [[krúspunt (wei)|krusing]] mei de [[Nijstêd]] en it [[Waachplein (Ljouwert)|Waachplein]] út it [[westen]] en de [[Piperstrjitte (Ljouwert)|Piperstrjitte]] dy't út it [[easten]] komt. Hoewol't de strjitte dêre sûnder bocht trochrint nei it noarden, hjit er noardlik fan dat punt net mear Wurdumerdyk, mar [[Sint-Jabiksstrjitte (Ljouwert)|Sint-Jabiksstrjitte]] (''Sint-Jacobsstraat'').
 
De Wurdumerpoartbrêge hiet (alteast foarhinne) yn 'e folksmûle de 'Beursbrêge', om't fuort benoarden derfan it Ljouwerter [[Beurs en waachgebou (Ljouwert)|beurs- en waachgebou]] stiet. De Wurdumerdyk rint foar dat [[gebou]] lâns, dêr't letter jierrenlang de [[bibleteek|iepenbiere bibleteek]] sitten hat en yn [[2018]] in dependâns fan 'e [[Ryksuniversiteit Grins]] komt. Oan 'e noardkant fan dat gebou krúst de Wurdumeryk de [[Nijewei (Ljouwert)|Nijewei]], dy't fan it [[Saailân]] yn it westen yn 'e rjochting fan 'e [[Blokhûspoarte]] yn it [[easten]] rint.