Bouke Oldenhof: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw De Tynje oanpast fanwege de betsjuttingsside.
Rigel 2:
Dêrnei waard er learaar Nederlânsk en Frysk oan 'e [[Pedagogyske Akademy]] te [[Drachten]]. Ek wurke er oan 'e Iepen Skoalle op [[It Hearrenfean (plak)|it Hearrenfean]], en foar de Stifting Learplanûntwikkeling (SLO) yn [[Ynskedee]].
 
Oldenhof is in echte tûzenpoat. Hy hat fan alles tagelyk en nei-inoar by it ein. Hy wie koördinator [[literatuer]]befoardering by it [[FLMD]]. Dêr seach er ek it talint fan [[Tsjêbbe Hettinga]]. Sûnt [[1991]] jout er ek les yn [[dramaturgy]] en fersoarget er kursussen Frysk skriuwen. Sûnt [[1987]] wennet Oldenhof yn kafee ''De Rolbrêge'', yn [[De Tynje (doarp)|De Tynje]]. Al jierren is er ek wurksum as teäterresinsint foar de [[Ljouwerter Krante]]. Bekend binne fierders syn [[toaniel]]- en [[teater|teäter]]aktiviteiten, lykas ''Tijgerleliën'' en ''De Rolbrêge''. Lanlike bekendheid krige er troch it ''Us Abe''-spektakel yn it [[Abe Lenstra Stadion]] op it Hearrenfean.
Dêrnjonken is er ek aktyf as [[oersetter]] fan [[toanielstik]]ken.