Tjeerd Bottema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw De Tynje oanpast fanwege de betsjuttingsside.
Rigel 5:
 
== Libben en wurk ==
De heit fan Tsjeard, Jehannes Bottema wie boer en hie fjouwer soannen. Tsjeard wie de jongste. Hy ferhûze as jonkje, mei fee en al, rinnedewei fan De Wyngaarden ûnder Langsweagen nei [[De Tynje (doarp)|De Tynje]]. Dêr gie er mei syn âldere broer [[Tsjerk Bottema|Tsjerk]] nei skoalle. De wat syklike mar bejeftige master Bosma makke tige yndruk op Tsjeard, ek as foarbyld.
Lykas Tsjerk helle Tseard de ûnderwiisakte op de [[kweekskoalle]] fan [[Maastricht]]. De skoalle fan De Tynje, dêr't er as volontêr wolris ynfallen wie, hat him noch in baan oanbean. De broers woene lykwols wat oars: de byldende keunst yn.
Tsjeard begûn, lykas earder Tsjerk, nei de 'kwik' as plateelskilder by 'De Distel' yn Amsterdam. Rillegau illústrearre er [[berneboek]]en en tekene er reklamewurk. Hy makke doe al it fier en hein thús te bringen embleem fan de RVS (''Rotterdamsche VerzekeringsSociëteit''), dat mear as hûndert jier tsjinst dien hat as úthingboerd. Yn 1976 skreau er dêr sels oer: ''Nog op heden is die prent het blazoen van de maatschappij en als ruim negentigjarige geeft me dat nog altijd voldoening. Het bleek een groot succes, dat beeld van een man met en hondje, samen onder een paraplu''. De ferneamde polityk tekener [[Albert Hahn]] seach ek fuort wat yn dizze jongfeint fan krekt tweintich en gunde him wurk dat er sels net mear neikomme koe.