Wahpekûte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 1:
De '''Wahpekûte''' ([[Ingelsk]]: ''Wahpekute'', útspr.: ['wɑpe:ku:t]; [[Dakota (taal)|Dakota]]: ''Waȟpékhute'', útspr.: [waχ'pe:kʰute]) binne ien fan 'e sân tradysjoneletradisjonele stammen fan 'e [[Sû (folk)|Sû]]-[[Yndianen]] fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. Mei trije fan 'e oare seis stammen, te witten de [[Mdewakanton]], de [[Sisseton]], en de [[Wahpeton]], foarmje se [[Eastlike Dakota (folk)|Eastlike Dakota]], ien fan 'e trije grutte [[etnyske groep|etnysk]]-[[taalkunde|linguïstyske]] haadgroepen fan 'e Sû.
 
De Wahpekûte, wa har namme oft "Bôgesjitters mank de Beammen" betsjut, binne it naust besibbe oan 'e Mdewakanton ("Doarp oan 'e Geastemar") mei wa't hja de Noardlike Ried fan 'e Eastlike Dakota foarmje. Histoarysk sjoen makken de Wahpekûte diel út fan 'e ''Očhéthi Šakówiŋ'' (útspr.: [o'tʃʰe:tʰi ʃa'ko:wĩ]), wat "Sân Riedsfjurren" betsjut en wat yn 'e regel oerset wurdt as de [[Grutte Sû Naasje]]. Dêrby stie elts fjoer symboal foar in ''oyáte'' ("folk" of "naasje"), d.w.s. ien fan 'e tradysjoneletradisjonele stammen, wêrfan't de Eastlike Dakota der fjouwer hiene, de [[Westlike Dakota (folk)|Westlike Dakota]] twa en de [[Lakota (folk)|Lakota]] mar ien.
 
{{Berjocht:Sioux}}