Houlik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "85.119.104.126" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Drewes".
Lebel: Weromdraaiïng
No edit summary
Rigel 6:
De redens dy't minsken hawwe om te trouwen, kinne fan [[rjocht|juridysk]], [[maatskippij|maatskiplik]], [[jild|finansjeel]] of [[religy|religieus]] aard wêze. Yn 'e Westerske wrâld trout men tsjintwurdich meast út [[leafde]], mar yn 'e rest fan 'e wrâld komt dat in stik minder foar. Yn guon dielen fan 'e wrâld wurdt troch de âldelju bepaald wa't de houlikspartner fan harren bern wurdt. Yn dy kontekst fine faak rare útwaaksen plak, lykas [[bernehoulik]]en, [[twongen houlik]]en en [[ferkrêfting binnen it houlik]]. Yn in grut diel fan 'e wrâld is de man noch altyd de dominante partner yn in houlik, wylst de frou net folle yn te bringen hat. Sokke brike ferhâldings kinne liede ta [[húslik geweld]], al komt dat ek yn 'e Westerske wrâld noch mear as genôch foar.
 
Der moat ûnderskie makke wurde tusken it [[tsjerklik houlik]], dat sletten en erkend wurdt troch in [[religy|religieuze]] autoriteit, en it [[boargerlik houlik]], dat sletten en erkend wurdt troch de [[lân|steat]] wêryn't men wennet. Guon lannen, dy't gjin [[skieding tusken tsjerke en steat]] hawwe, kenne it boargerlik houlik net en erkenne útslutend religieuze houliken. Dat is bygelyks it gefal yn [[Israel]], dêr't net-leauwige persoanen net trouwe kinne en tradysjoneeltradisjoneel útwike nei [[Syprus]]. De eigentlik sluting fan in houlik (en it dêrmei faak mank geande feest) hjit de [[brulloft]]. Neffens it [[Sintraal Buro foar Statistyk|CBS]] waarden der yn [[Nederlân]] yn [[2007]] 72.485 houliken sletten, wêrûnder fan 1.371 homohouliken en 5.333 fan Nederlanners yn it bûtenlân.
 
== Sjoch ek ==