Slachtemaraton: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 3:
 
== Rûte ==
De tocht gong yn [[2000]] fan [[Easterbierrum]] oer de Slachte nei [[Raerd]]. Dêrfoar waard súdwest fan [[Wommels]] de [[Nije Kromme]] boud, in [[brêge]] (of eins in [[fiadukt]]) foar [[fyts]]ers en [[fuotgonger]]s oer de [[provinsjale wei]] [[N359]], dy't op dat punt yn 'e [[1970]]-er jierren dwers troch de Slachte hinne oanlein wie. De kuiertocht begûn yn it'e [[buorren]] fan doarpEasterbierrum, en wie 42,6 kilometer lang; de hurdrintocht begûn op 'e ein fan 'e Slachte en wie dan presys in [[maraton]] (42.195 km).
 
Yn [[2004]] gong de tocht fan Raerd nei Easterbierrum. Yn [[2008]] begûn de tocht wer yn Raerd. It is mooglik dat de rjochting no net mear feroaret, om't yn 2004 bliken die dat Easterbierrum gjin romte genôch hie foar de oankomst. Meidat it ferkear dêr fêstrûn, moasten guon rinners oeren op ferfier wachtsje. Guon waarden opsternaat, oaren rekken ûnderkuolle.