Ekseterboek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
LNo edit summary
Rigel 1:
It '''Ekseterboek''', yn it [[Ingelsk]]: '''''Exeter Book''''', en ek bekend ûnder de [[Latyn]]ske namme '''''Codex Exoniensis''''', is in [[tsiende iuw|tsiende-iuwske]] samling fan [[Aldingelsk]]e [[poëzij]], en ien fan mar fjouwer fan sokke samlingen dy't oerlevere binne. Teffens is it de grutste fan dy fjouwer. It is neamd nei de [[Ingelân|Súdingelske]] stêd [[Ekseter]], greefskip [[Devon]], en wurdt bewarre yn 'e Librije fan 'e Katedraal fan Ekseter (ûnder de oantsjutting MS 3501). Dêr is it al sûnt [[1050]], doe't it oan 'e librije kado dien waard troch [[Leofric, biskop fan Ekseter|Leofric]], de earste [[biskop]] fan Ekseter. Nei alle gedachten hie it oarspronklik 131 siden, mar de earste acht dêrfan binne op in net neier oantsjutber stuit ferlern gien en ferfongen troch acht oare siden.
[[Ofbyld:Exeter Cathedral (7584972826).jpg|thumb|right|300px|It ''Exeter Book'' wurdt yn de St. Piter-katedraal yn [[Ekseter]] bewarre.]]
 
It is net persiis dúdlik wannear't it Ekseterboek datearre wurde moat, mar it wie perfoarst ien fan 'e wurken dy't yn 'e tsiende iuw it ljocht seagen ûnder de grutte weroplibbing fan 'e Aldingelske literatuer ûnder ynfloed fan 'e geastlike oarder fan 'e [[benediktinen]]. Yn 'e regel giet men derfan út dat it skreaun is yn 'e perioade tusken [[960]] en [[990]].