Norrland: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
Nije side
 
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
L Ferkearde ferwizing oanpast
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Sverigekarta-Landsdelar Norrland.svg|180px|thumb|Norrland op de kaart fan Sweden]]
 
'''Norrland''' ([[Frysk]]: ''Noardlân'') is it meast noardlike en wat oerflak oanbelanget grutste fan de trije [[Lânsdielen fan Sweden|lânsdielen]] fan [[Sweden]]. Norrland bestiet út de njoggen [[Sweedske lânskippen|lânskippen]] [[Gästrikland]], [[Hälsingland]], [[Härjedalen]], [[Jämtland]], [[Medelpad]], [[Ångermanland]], [[Västerbotten]], [[Norrbotten]] en [[Lappland (Sweedsk lânskip fan Sweden)|Lappland]]. Yn 2016 hie Norrland 1.175.039 ynwenners, sa'n 12 prosint fan it totale Sweedske ynwennertal. It lânsdiel grinzget yn it westen oan [[Noarwegen]] en yn it noarden oan [[Finlân]].
 
Mei útsûndering fan it kustgebiet is Norrland tige tinbefolke. Hja fine der in protte nullebosken, rivieren en marren, en ek it heechste punt fan Sweden: de [[Kebnekaise]], in berch mei in hichte fan 2.106 meter.