Jelle Zijlstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Jelle Zijlstra 1966.jpg|thumb|250px|Jelle Zijlstra yn 1966]]
'''Jelle Zijlstra''' ([[Easterbierrum]], [[27 augustus]] [[1918]] - [[Wassenaar]], [[23 desimber]] [[2001]]) wie in [[ekonoom]]. Hy promovearre yn de Hannelswittenskippen, wie sûnt 1948 heechlearaar oan de [[Frije Universiteit]] fan [[Amsterdam]] en wie [[Earste Keamer|Earste]]- en [[Twadde Keamer]]lid foar de [[ARP]]. Fan 1967 oant en mei 1981 wie Zijlstra presidint fan ''De Nederlandsche Bank N.V.''.
 
==Libben==
Rigel 25:
 
===Minister-presidint===
Nei de fal fan it [[Kabinet-Cals]] wie er fan 22 novimber 1966 oant 5 april 1967 minister-presidint en minister fan finânsjes fan it tydlik-kabinet mei syn namme. De beneaming ta presidint fan ''De Nederlandsche Bank'', troch [[Anne Vondeling|minister Vondeling]], moast foarearst ûngedien makke wurde fanwegefanwegen dat Zijlstra premier waard.
 
===Bankier===
Fan 1967 oant en mei 1981 wie Zijlstra presidint vanfan [[De Nederlandsche Bank]] N.V.. Tegearre mei de direkteur bûtenlânsk belied fan dy bank, [[André Szász]], ûntjoech er it "hurde-gûenbeliedgûnebelied". De [[gûne]] waard keppele oan de [[Dútske mark]] en Nederlân folge it Dútske monetêre belied. De ekonomy fan de [[Bûsrepublyk Dútlân]] groeide fluch yn dy dagen, en dêr heakke Nederlân graach by oan. Ek wie Zijlstra yn dy jierren Presidint fan de [[Bank foar Ynternasjonale Betellings]] yn [[Basel]].
 
Op 30 april [[1983]] waard Zijlstra beneamd ta [[Minister fan Steat]]. Hy hat in soad bestjoersfulkjes hân en wie ek peetomke fan [[Kening Willem-Alexander]].