Willem Drees: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 26:
 
== Minister-presidint ==
Op [[7 augustus]] [[1948]] begûn Drees oan syn ministerskip dat wol fjouwer kabinetten omfetsje soe en mear as tsien jier duorje soe. As [[minister-presidint]] hat er mei foarmstal jûn oan de perioade fan it wer opbouwen fan Nederlân. Foar syn fyzje op it ekonomyske herstel fan Nederlân ferliende de Ekonomyske Hegeskoalle yn [[Rotterdam]] him yn 1948 in [[earedoktoraat]] yn de ekonomy. As lieder fan kabinetten fan mingde gearstalling wiewist Drees him derfan bewust dat Nederlân in lân wie fan politike minderheden en dat gearwurking fan de PvdA mei oare partijen needsaaklik wie om herfoarmingen trochfiere te kinnen. It grutste probleem wat hy meimeitsje soe wie de konfrontaasje mei de republyk [[Yndoneezje]]. Drees hat yn 1962 in boek skreaun oer syn libben. In kwartfearnpart fan dat boek gie oer de Yndonesyske kwestje. Hy hat it erfaren as, it grutste en pynlikste punt fan syn hiele politike karriêre. As ficefise-premier en foaral as minister-presidint droech hy mei ferantwurdlikheid foar it Nederlânsk belied yn Yndoneezje. Hjir hearden de [[polisjonele aksjes]] by. Hy hat altyd gematigd west. Drees hat tsjin de twadde wapene aksje stimd omdat er tocht dat Nederlân isolearre wurde soe., Marmar hy lei him del by it beslút fan de mearderheid. Hy tocht dat it ôftreden fan de PvdA-ministers allinnich mar liede soe ta in hurder optreden tsjin Yndoneezje. Hy tocht doe ek oan oare PvdA-winsken dy’t oars nea útkomme soenen. Dat Drees sa’n promininte posysje ynnimme soe yn de nije PvdA wie foar guon minsken net de bedoeling. [[Wim Schermerhorn]] wie eins de man fan fernijing. Drees waard sjoen as de man fan de sosjaal-demokrasy fan foar de kriich. Mar troch syn optreden as minister en as premier waard Drees al gau de lieder fan de PvdA. Mar hy bewarre altyd in sekere ôfstân. Yn it partijbestjoer en yn de fraksje steurde men him hjir nochal ris oan. Drees fûn dat net terjochte, hy fûn dat der in dúdlike skieding wêze moast tusken de reagering, fraksje en partijbestjoer. Yn 1952 en 1956 wûn de partij flink yn de ferkiezings. Drees hie in grut gesach krigen by de befolking. Syn kennis fan saken en syn persoanlike ienfâld en sobere libbensstyl wienen in begryp. De namme Drees stie foar sosjaal rjochtfeardich, sunich en hoeden belied dat yn brede kring stipe waard. In soad net-sosjalisten gienen yn de jierren danksy Drees op de PvdA stimmen. Hy wie de nasjonale steatsman ‘heit Drees’.
[[Ofbyld:Willem Drees Monument Eric Claus.JPG|thumb|Monumint ta eare fan Willem Drees, makke troch [[Eric Claus]] yn [[1988]]. It stiet flak foar de súdlike yngong fan it [[Binnenhôf]]. ]]