Wilhelm Bleek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nochris [[]] heite
No edit summary
Rigel 2:
'''Wilhelm Heinrich Immanuel Bleek''' ([[Berlyn]], [[8 maart]] [[1827]] – [[Kaapstêd]], [[17 augustus]] [[1875]]) wie in [[Dútslân|Dúts]] [[Taalkunde|taalkundige]]. Hy wurdt it meast tebinnenbrocht troch syn wurk ''A Comparative Grammar of South African Languages'' en it grutte projekt yn'e mande mei syn skoansuster [[Lucy Lloyd]] (1834-1914) : de stúdzje fan de [[ǀxam taal]] en [[!Kung taal|!kun]], lânseigen talen fan [[Súd Afrika]]. Hy wie troud mei Jemima Lloyd.
 
Wilhelm Bleek, soan fan in teolooch, studearre fan 1845 oant 1848 [[teology]] yn [[Bonn]], mar gie doe nei [[Berlyn]] om [[Hebriuwsk]] te learen. Hy wie in learling fan [[Karl Richard Lepsius]]. Syn [[dissertaasje]] fan 1851 gie oer [[nominaalklasse]]n. 1853 gie er as taalûndersiker nei [[Súd Afrika]]. Dêr die er fergelykjend taalûndersyk nei [[Bantûtalen|Bantû]]- en [[Koisan talen]]. Hy skreau ûnder oaren in [[grammatika]] foar de Sûlûtaal en in analise fan de mominaalklassen yn de ferskate Bantûtalen.
 
Bleek stoar oan [[tuberkuloaze]] yn de âldens fan 48 jier. Hy kaam te hôf yn Wynberch, [[Kaapstêd]], dêr't twa fan syn earder stoarne bern al leinenleine.
 
Bleek syn stúzjestúdzje fan deede |Xam-taal en -literatuer waard fuortset troch [[Lucy Lloyd]], mei stipe fan syn frou Jemima en syn dochter Dorothea († 1948).
 
== Boskjemannen ==
[[File:Lucy Lloyd00.jpg|thumb|125px|Lucy Lloyd]]
Bleek's earste kontakt mei de [[Boskjemannen]] of San wie yn [[1857]] mei finzenen op [[Robbeneilân]] de finzenis fan [[Kaapstêd]]. Hy ynterviewde in pear fan dy lju en brûkte dy feiten yn lettere publikaasjes. Bleek woe harren taal leare en en syn fynsten fergelykjeferglykje mei it bytsje wat al oer dy taal bekend wie.
 
Yn [[1863]] kaam Bleek yn’e kunde mei trije oare feroardielde San. Twa fan dizze minsken kamen by de húshâlding Bleek yn. Mei harren help koe Bleek in list fan wurden en sinnen yn it /Xam gearstalle. It measte dêrfan waard oanleverelevere troch in Boskjeman dy't Adam Kleinhardt neamd waard.
 
Yn 1870 hearden Bleek en Lloyd, dy’t no tegearre oer it taalprojekt gear wienen, fan in groep fan 28 Sanfinzenen yn de Breakwaterfinzenis en krigen tastimming om ien fan har yn de húshâlding fan Bleek yn Mowbray op te nimmen om sa taal en kultuer better bestúdearje te kinnen. De kapelaan fan de finzenis keas de jongfeint |a!kunta, dy’t feroardiele wie foar it deasjitten fan in Boer. Ut reden fan syn jeugd wie dy lykwols net sa goed mear op de hichte fan de folkloare fan syn folk dat hy waard ferfongen troch in âldere man, dy’t ek by Bleek yn de hûs kaam te wenjen. Dizze ||kabbo waard Bleek en Lloyd's har earste wiere learaar. Yn de rin fan de tiid kamen ek oare leden fan ||kabbo's famylje, en oare Sanfamyljes, by Bleek en Lloyd yn Mowbray yn en waarden troch har ynterviewd. In protte fan dizze |xam-sprekkers wiene oan elkoar besibbe. Bleek en Lloyd koene sa hieltyd mear wurden, sinnen en letter ek ferhalen oer leauwe, skiednis en gewoanten opskriuwe út in kultuer dy’t hurd oan it ferdwinen wie, omdat de Boeren it lân fan de San ynnommen en ôffreden. Ynformanten en ûndersikers wisten dat it benei dien wie mei de âlde Sankultuer.