Hilandar-kleaster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: {{Ynfoboks bouwurk | namme = Kseropotamou-kleaster ''Μονή Ξηροποτάμου'' | ôfbylding = 07Athos Chiropatamou.jpg | ôfbyldingsbree...
 
L red
Rigel 17:
| type bouwurk = [[Kleaster]]
| keatling =
| boujier = Stifting [[10e iuw]]
| sloopjier =
| arsjitekt =
Rigel 36:
It âlde Helandaris fan foar de oerdracht waard foar it earst neamd yn in Gryksk manuskript út 1015 en omskreaun as folslein leech en ferlitten, sadat it ûnder tafersjoch fan it [[Konstamonitou-kleaster]] set wurde moast. In skipper, dy't ûnder de befolking fan Atos yn 980 heech achte waard, wie nei alle gedachten de oarspronklike stifter fan dit âlde kleaster. De katolikon wie al wijd oan de Yntocht fan de Teotokos yn de Timple (feestdei 21 novimber). Al gau dêrnei waard it kleaster slachtoffer fan oanhâldende plonderingen troch piraten.
 
It kleaster waard yn 1198 op 'e nij stifte doe't keizer [[Aleksios III Angelos]] (1195-1203), oantrune troch de kleastermienskip fan de hillige berch Atos, in mei goud fersegele bul liet skriuwe liet dy't it ferlitten kleaster Helandaris oan de Servjers joech as in ivich geskink. Hilandar waard sa oerdroegen oan Sint-Sava en Sint-Simeon, mei it doel om in nije monastike mienskip te stiftsjen, dy't in keizerlike status krige. Sûnt dy tiid is it kleaster in hoekstien fan it religieuze, edukative en kulturele libben fan it Servyske folk.
[[File:Svsimeon.jpg|thumb|left|left|200px|''Sint-Simeon, de stifter fan it kleaster'']]
Rigel 44:
 
== It kleaster ûnder Ottomaansk bewâld ==
Yn de 15e iuw waard it Byzantynske Ryk ferovere troch de [[Osmaanske Ryk|Ottomaanske]] Turken. Nei de ferovering fan [[Tessaloniky]] troch [[Murad II]] ûnthieten de muontsen om lykomlyk te jaan, mar der folge fan de kant fan it nije bewâld nettsjinsteande geweld en wetteleazens. In tal Servyske muontsen ferlieten Hilandar en gyngen nei Servje. Om spannings mei de kristlike ûnderdienen tefoarren te kommen liet Murad II de besittings en privileezjes fan de kleasters fierder gewurde, sadat in sekere ûnôfhinklikens fan Atos bestean bliuwe koe. Yn 1426 joech de [[Albaanje|Albaneeske]] ealman [[Gjon Kastrioti]] de belestingopbringsten fan in pear doarpen oan it kleaster. Hy en syn soannen, dêrûnder ek de Albaneeske nasjonale fersetsheld tsjin de Ottomaanske besetting [[Gjergj Kastrioti]], bekend ûnder de namme Skanderbeg, hearden ta de restearjende lokale otterdokske aristokraten dy't Hilander trou bleaune. Doe't Kastrioti rjochten oankocht om dêrmei syn pensioen yn it kleaster feilich te stellen, waard de Sint-Joaristoer ta syn eare bekend ûnder de namme de Albaneeske Toer. Gjon Kasstrioti naam letter de monastike namme Joachim oan en ferstoar op 4 maaie 1437 yn it kleaster.
 
Mei't ek Servje yn 1459 yn hannen fan de Ottomanen foel, ferlear Hilandar op 'e nij begeunstigers. De bruorren moasten nije boarnen sykje om it kleaster te beskermjen en troch de tiid te helpen. In pear jier letter socht [[Angelina van Krušedol]], de Albaneeske frou fan de Servyske despoat [[Stefanus fan Servje|Stefan Branković]], foar it earst om help by de [[Ruslân|russyske]] grutfoarst [[Vasili III van Moskou|Vasily III]]. In ôffurdiging fan it kleaster brocht yn 1550 in besite oan [[Moskou]] en it wie tsaar [[Ivan IV fan Ruslân|Ivan IV]], dy't Hilandar ûnder syn hoede naam en nije sellen foar de muontsen liet bouwe. Yn maart 1556 joech Ivan IV it kleaster ek in stik lân tichteby it [[Kremlyn fan Moskou|Moskouse kremlyn]] mei de needsaaklike gebouwen oan Hilandar. De tsaren soene it kleaster noch lange tiid foar beskerming soargje.
Rigel 71:
[[Kategory:Kleaster yn Grikelân]]
[[Kategory:Atos]]
[[Kategory:OrganisaasjeBouwurk oprjochte ynút de 12e10e iuw]]
[[Kategory:Organisaasje meioprjochte ûnbekendyn jier fan oprjochting1198]]