Fenysjers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw in ûnderskie foar wyn makke.
Rigel 13:
De hannel fan Fenysjers bestie û.o. út sederhout dat ôfkomstich wie út de bosken fan it Libanonberchtme, en dat brûke waard foar it meitsjen fan skippen en oare saken. It Grykske wurd ''Tyrysk [[Purper (kleur)|purper]]'' ferwiist nei de kleurstof dêr't sy benammen om bekend stiene en ek nei de haven fan Tyrus. Moai tekstyl hearde dan ek ta de Fenysyske wielde, lykas Fenysysk [[glês]]. Hja hienen, sa't bliken die as earsten de technyk om it glês trochskinend te meitsjen yn 'e fingers. En hoewol't de Fenysjers gjin lânbouwers wienen, fokten hja wol skiep en ferkochten sy wol.
 
Oare artikelen dy't ferhannele waard wiene fral [[tin (elemint)|tin]] en [[sulver]] út [[Spanje]], dat mei Syprysk koper ta brûns ferwurke waard. Neffens de antike histoarikus [[Strabo]] hat der ek in lukrative tinhannel met [[Bretagne]] en de Britske eilannen ([[Kornwall]]) west. De Aziatyske [[siderûte|hannelsrûtes]] konvergearren ek op de Fenysyske kusten. As gefolch dêrfan koe Fenysje ek in wichtige rol spile yn de hannel tusken Mesopotaamje en noch fierder Aazje oan de iene kant en Egypte, Noard-Afrika en Araabje oan de kant. Fierders hâlden de Fenysjes harren dwaande mei [[wyn (drank)|wyn]]bou yn Libanon en de hannel dêryn.
 
It hichtepunt fan Fenysje as seemacht wurdt meastentiids it tiidrek tusken [[13e iuw f.Kr.|1200]] – [[8e iuw f.Kr.|800 f.Kr.]] sjoen.