Willem Drees: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 5:
== Syn jonge jierren ==
Drees groeide op in ortodoks-herfoarme húshâlding. Syn heit wie in oanhinger fan [[Abraham Kuyper]]. Heit ferstoar doe't Drees fiif jier âld wie. De mem en trije bern bleaune efter en sûnder ynkommen. Troch stipe fan in rike omke koe Drees nei de [[legere skoalle]] troch nei de trijejierrige [[Hegere Boarger Skoalle]] en de twa heechste klassen fan de iepenbiere hannelsskoalle. As HBS-er krige Drees belangstelling foar politike maatskiplike fraachstikken. Op syn sechtjinde sluet hy him oan by de Nederlânske feriening ta ôfskaffing fan alkoholhâldend dranken. Syn hiele libben soe er [[hielûnthâlder]] bliuwe. Mei sosjalistyske tinkbylden kaam er yn oanrekking troch klasgenoaten op de hannelsskoalle, soannen fan diamantbewurkers dy’t lid wienen fan it Algemiene Nederlânske Diamantwurkers Bûn. By in gearkomst yn desimber [[1902]], dêr't [[Pieter Jelles Troelstra]] spruts nei syn ferkiezingsoerwinning yn [[Amsterdam]], waard Drees lid fan de [[SDAP]]. Hy bruts mei de tsjerke yn dy tiid. Nei it eineksamen fan de hannelsskoalle gie Drees oan't wurk by de Twintske bank. Syn niget gie hieltiten mear út nei polityk en stenografy. Op de [[HBS]] hie er kennis makke my [[stenografy]]. Hy fûn it sa moai dat er nei trije jier ûntslach naam by de bank en profesjoneel stenograaf waard. Hy wurke ûnder mear yn opdracht fan de [[gemeenterie]] fan [[Amsterdam]] en de [[Twadde Keamer]]. Neist syn wurk wie er aktyf yn de [[kuorbal]]klub dy't er mei holpen hie op te rjochtsjen. Foar syn stúdzje middelber ûnderwiis steatshúshâldkunde folge hy priveelessen by de [[sosjolooch]] en SDAP-teoretikus R. Kuyper dy’t him advisearre om de klassike sosjalistyske boeken te lêzen. Drees bewûndere de poëzij fan [[Henriëtte Roland Holst]] en [[Herman Gorter]] al sympatisearre er net mei harren ortokske [[marksisme|marksistyske]] stânpunten. Yn 1907 krige Drees in fêste oanstelling as keamerstenograaf, wêrnei't er him yn [[Den Haach]] nei wenjen sette. Dêr begûn syn politike en bestjoerlike wurkpaad.
{{wurk}}
{{stavering}}
== Politike karriêre ==