Joe Cocker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nij artikel
 
Rigel 5:
 
==Skiednis==
[[Joe Cocker]] wie leadjitter en hie al sûnt 1960 yn in tal bands spile, doe’t er syn earste single ''I’ll cry instead'' útbrocht. Mei syn twadde single Majorine hie er mear sukses, mar hy bruts pas troch mei syn band The Grease Band yn de hjerst fan 1968 mei de [[Beatles]]-cover ''With a little help from my friends''. Dat lietsje wie bekind fan it Beatles-album ''Sgt. Pepper’s lonely hearts club'' ''band'' en Cocker joech der in hiele eigen, wat rugere, foarm oan. Letter naam er in album op, mei deselde titel as de single.Op dat album spilen ûnder oaren ek [[Stevie Winwood]] (Traffic en Blind Faith) en [[Jimmy Page]] (Yardbirds en Led Zeppelin). Yn augustus 1969 song er op it ferneamde [[Woodstock (muzykfestival)]] Festival. Hy foel op troch syn rauwe stim en syn motoryk. Hy sloech frjemd om him hinne mei de earms en wjukkele oer it poadium. Trochdat der ek in film makke waard fan it Woodstock Festival wie Joe Cocker oer de hiele wrâld te sjen en waard er wrâldferneamd.
 
Yn de jierren 1969-1974 hie er ûnder oaren sukses mei de singles ''Delta Lady'', ''The letter'' (syn earste numer 1 hit yn de [[Feriene Steaten]]) ''Hightime we went'', ''Cry me a river'' en ''Feelin’ allright''. Yn 1970 makke er in tournee troch de FS mei in grut tal muzikanten, ûnder lieding fan de muzikant [[Leon Russell]], dat de ''Mad dogs and Englishmen tournee'' neamd waard. Joe Cocker en syn begelieders rezigen yn amper sân wiken troch sa’n 50 amerikaanske stêden. Der waard in soad drank en drugs brûkt en Joe Cocker krige dêrtroch sawol swierrichheden mei syn stim (dy ‘t noch folle heazer wurden wie) as mei syn lichem. Hy gong wer by syn âlden wenjen en kaam der stadichoan wer boppenop.
 
Yn 1972 gong er op tournee mei de pianist [[Chris Stainton]], troch Amerika, Europa en Australië. Mar hy rekke wer oan de drugs en waard opnaam yn in ôfkickklinyk. In pear jier letter krige er wer op ‘e nij sukses, earst mei ''You are so beautiful'' (1975) en letter tegearre mei Jennifer Warnes mei it lietsje ''Up where we belong'' (1982) foar de film ''An officer and a gentleman''. Foar dit liet krige dit duo in [[Grammy Award]]. Yn 1986 brocht er it lietsje ''You can leave your hat on'' út, dat skreaun wie troch [[Randy Newman]]. Dat lietsje wurdt brûkt yn de erotyske film ''9 1/2 weeks''. Yn 1988 song hy op [[Pinkpop]] en yn in fol [[Ahoy]]. Yn dat selde jier song er ek op it [[Veenhoop]] Festival. Nei it grutte sukses yn de jierren santich en tachtich stiet er no noch alle jierren mei in tal ferskes yn de [[Radio 2 Top 2000]]: With a little help from my friends (364), You are so beautiful (571), Unchain my heart (877), N ‘oubliez jamais (912) en You can leave your hat on (1226). Hy is ferstoarn troch in slimme skykte op 22 desimber 2014, doe wie er 70 jier.
 
Yn 1972 gong er op tournee mei de pianist [[Chris Stainton]], troch Amerika, Europa en Australië. Mar hy rekke wer oan de drugs en waard opnaam yn in ôfkickklinyk. In pear jier letter krige er wer op ‘e nij sukses, earst mei ''You are so beautiful'' (1975) en letter tegearre mei Jennifer Warnes mei it lietsje ''Up where we belong'' (1982) foar de film ''An officer and a gentleman''. Foar dit liet krige dit duo in [[Grammy Award]]. Yn 1986 brocht er it lietsje ''You can leave your hat on'' út, dat skreaun wie troch [[Randy Newman]]. Dat lietsje wurdt brûkt yn de erotyske film ''9 1/2 weeks''. Yn 1988 song hy op [[Pinkpop]] en yn in fol [[Ahoy]]. Yn dat selde jier song er ek op it [[Veenhoop Festival]] Festival. Nei it grutte sukses yn de jierren santich en tachtich stiet er no noch alle jierren mei in tal ferskes yn de [[Radio 2 Top 2000]]. Yn 2017 wienen dat: ''With a little help from my friends'' (364), ''You are so beautiful'' (571), ''Unchain my heart'' (877), ''N ‘oubliez jamais'' (912) en ''You can leave your hat on'' (1226). Hy is ferstoarn troch in slimme skykte op 22 desimber 2014, doe wie er 70 jier.
 
==Diskografy==