Ras (klassifikaasje fan minsken): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 9:
Fanwegen dy [[genoside]] is de oantsjutting "ras", as it om minsken giet, in tige beladen en dêrtroch problematyske term wurden, en sadwaande sprekt men hjoed de dei leaver fan populaasjes, folken, etnyske groepen of mienskippen, ôfhinklik fan 'e kontekst. It tawizen fan essinsjele skaaimerken oan beskate groepen minsken, poer op basis fan harren lichaamlik oansjen wurdt no beskôge as efterhelle, en de wittenskip besiket tsjintwurdich soksoarte útlis te ûntmoedigjen. Sterker noch, men fynt dat de oantsjutting "ras" bûten wittenskiplike fermiddens brûkt wurdt op in naïve en simplistyske wize, mei't der ûnder de [[minske]] as [[biology]]ske [[soarte]] gjin wiere [[taksonomy]]ske ûnderskieden besteane: alle libbene minsken hearre ta de [[soarte]] ''[[Homo sapiens]]'' en ta de [[ûndersoarte]] (of it [[ras (taksonomy)|ras]]) ''[[Homo sapiens sapiens]]''. Dat sein hawwende, wurdt de yndieling yn rassen noch allegeduerigen brûkt, en net inkeld yn ûnoffisjele omstannichheden, lykas yn it spraakgebrûk, mar ek yn offisjeel ferbân, lykas by troch de oerheid útfierde folkstellings (al wurdt it wurd "ras" dan almeast omsyld troch in [[eufemisme]] te brûken, lykas "rasiale eftergrûn" of "etnyske groep").
 
==TradysjoneleTradisjonele yndieling==
De tradysjoneletradisjonele yndieling yn rassen gie poer út fan lichaamlike skaaimerken, yn 't bysûnder fan [[hûdskleur]]. Der wiene trije haadrassen, it [[jeropide ras]] (of "it blanke ras"), it [[mongoloïde ras]] (of "it giele ras") en it [[negroïde ras]] (of "it swarte ras"). It probleem wie fansels wat men dwaan moast mei alle lju dy't net of net hielendal yn ien fan dy kategoryen pasten.
 
De [[Yndianen]] fan 'e [[Amearika's]] ("it reade ras") en de [[Polyneezje|Polyneziërs]] fan 'e [[Stille Oseaan]] waarden as ûnderrassen by it mongoloïde ras foege, en de wat dûnkerder tinte folken fan [[Noard-Afrika]], it [[Heine Easten]] en [[Yndia|Noard-Yndia]] kamen by it jeropide ras (dêrby ynbegrepen de [[Etioopje|Etiopyske]] folken en oare Afrikanen, lykas de [[Somaliërs]]). De slimste swierrichheden foar it rassesysteem waarden feroarsake troch de swarte folken bûten [[Afrika]]: de [[Dravidiërs]] fan [[Yndia|Súd-Yndia]] en [[Sry Lanka]]; de [[Wedda's]] fan [[Sry Lanka]]; de lânseigen befolking fan 'e [[Andamanen]], yn 'e [[Golf fan Bengalen]]; de [[Negrito's|Negrito]]-folken fan [[Súdeast-Aazje]], de [[Papoea's]] fan [[Nij-Guineä]] en omlizzende eilannen; de [[Melaneezje|Melaneziërs]] fan 'e westlike [[Stille Oseaan]]; en de [[Australyske Aboriginals|Aboriginals]] fan [[Austraalje (lân)|Austraalje]]. Dy groepen hiene dan wol in swarte hûdskleur, mar guon oare fysiologyske skaaimerken wieken totaal ôf fan 'e swarte Afrikanen.