Paralympyske Winterspullen 2018: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ stikje oer organisaasje
+ sporten
Rigel 23:
| folgjende = [[Paralympyske Winterspullen 2022|Peking 2022]]
}}
De '''Paralympyske Winterspullen 2018''' ([[Koreaansk]]: 평창 동계 패럴림픽; transliteraasje: ''Pyeongchang Donggye Paereollimpik'') wiene in grut ynternasjonaal [[sport]]evenemint foar [[sporter|atleten]] mei in [[lichaamlike beheining]], yn 'e [[tradysje]] fan 'e [[Paralympyske Spullen]], dat begjin [[2018]] holden waard yn it [[Súd-Koreä|Súdkoreaanske]] [[Pyeongchang]]. Hjiroan namen 49 [[lân|lannen]] en mear as 570 [[sporter]]s diel. It wie de tolfde kear dat de [[Paralympyske Simmerspullen]] organisearre waarden. De iepeningsseremoanje fûn plak op [[9 maart]] en de ôfslutingsseremoanje op [[18 maart]]. It sportbarren omfieme 80 ûnderdielen yn 6 ûnderskate [[sport]]en. It [[snowboarden]], dat op 'e foarrige edysje fan 'e [[Paralympyske Winterspullen 2014|Paralympyske Winterspullen]], yn [[2014]] yn [[Sotsji]], noch út twa ûnderdielen bestie en ûnderbrocht wie by it [[alpineskyen]], waard yn Pyeongchang foar it earst yn tsien ferskillende ûnderdielen en as in selsstannige sport beoefene. Foar de Paralympyske Winterspullen fan Pyeongchang waarden deselde fasiliteiten brûkt dy't earder, yn [[febrewaris]], brûkt wiene foar it hâlden fan 'e [[Olympyske Winterspullen 2018|Olympyske Winterspullen]].
 
==Organisaasje==
Rigel 29:
 
Yn 'e oanrin ta de Paralympyske Winterspullen fan 2018 spilen de organisaasje guon fan deselde problemen parten dêr't ek de Olympyske Winterspullen mei te krijen hân hiene. Dêrby gie it û.m. om 'e [[polityk|politike]] ynstabiliteit op it [[Koreä|Koreaanske Skiereilân]] troch de spannings tusken [[Noard-Koreä|Noard-]] en [[Súd-Koreä]]. Dy swierrichheden waarden glêdstrutsen doe't de beide lannen yn [[jannewaris]], in pear [[wike]]n foar it begjin fan 'e Olympyske Spullen, ta oerienstimming kamen om alteast foar de perioade fan 'e beide sporteveneminten de striidbile te begraven. Fierders spile op 'e nij de neisleep fan it [[Russysk dopingskandaal]] fan 'e spullen yn Sotsji, krekt sa't dat ek in probleem west hie foarôfgeande oan 'e [[Paralympyske Simmerspullen 2016|Paralympyske Simmerspullen]] fan [[2016]], yn [[Rio de Janeiro]]. Doe wie it lidmaatskip fan [[Ruslân]] troch it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee opskoarre, en foar de spullen yn Pyeongchang kaam dêr gjin feroaring yn. Wol waard guon Russyske sporters tastien en doch mei as 'neutrale' atleten.
 
==Sporten==
Op 'e Paralympyske Winterspullen fan 2018 waard troch de atleten dielnommen oan yn totaal 80 ûnderdielen dêr't [[medalje]]s foar útrikt waarden, ferdield oer 6 offisjele [[sport]]en. It [[snowboarden]], dat op 'e [[Paralympyske Winterspullen 2014|Paralympyske Winterspullen]] fan [[2014]], yn [[Sotsji]], noch by it [[alpineskyen]] ûnderbrocht wie, waard no foar it earst erkend as selsstannige sport. Boppedat waard it tal ûnderdielen fan it snowboarden útwreide fan 2 nei 10.
 
* [[File:Alpine skiing - Paralympic pictogram.svg|20px]] [[alpineskyen]]
* [[File:Biathlon - Paralympic pictogram.svg|20px]] [[biatlon]]
* [[File:Wheelchair curling - Paralympic pictogram.svg|20px]] [[rolstoelcurling]]
* [[File:Cross-country skiing - Paralympic pictogram.svg|20px]] [[skyrinnen]]
* [[File:Ice sledge hockey - Paralympic pictogram.svg|20px]] [[slidehokky]]
* [[File:Snowboarding - Paralympic pictogram.svg|20px]] [[snowboarden]]
 
== Kalinder==
 
== Dielnimmende lannen ==
 
== Medaljespegel ==
{{wurk-seksje}}
 
== Keppelings om utens ==