Oerlis:Jetske Bilker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Daam (oerlis | bydragen)
Rigel 20:
 
::::: Uh, as ik jo goed begryp, Daam, dan prate wy byinoar lâns. Mysha en ik hawwe it oer it brûken fan haadletters yn boektitels, jawis, mar op in oare manier as dat jo bedoele. Om dat even te fertsjutskjen mei in foarbyld: hy fynt dat soks skreaun wurde moat as: ''Het land van de groene dolfijn'', ik haw leard: ''Het Land van de Groene Dolfijn''. As ik jo goed begryp, hawwe jo it oer: ''HET LAND VAN DE GROENE DOLFIJN'' en de earste beide foarmen mar dan mei de lytse letters as lytskapitaal skreaun. Dat is wat oars. Ik wie my al bewust fan jo hjir skriuwe, al wist ik net dat typografen fuort de deastraf mar ynfiere wolle foar it brûken fan mear as ien haadletter efterinoar ;). Foar oare dingen as Wikipedia brûk ik soms út aardichheid ek wolris lytskapitalen (hiel omslachtich gedoch op 'e kompjûter), mar as Wikipedia sa'n funksje hat, dan haw ik dy oant no ta noch net sjoen (dat sil dan wol moatte mei <nowiki><it-ien-of-oar>tekst yn lytskapitalen</it-ien-of-oar></nowiki>). Ik fyn fierders dat it better is as men skriuwt: "De Spion wûn de priis yn 'e kategory bêste roman." as: "De spion wûn de priis yn de kategory bêste roman." En ik haw net sein dat ik oaren ferplichtsje wol soks te dwaan, mar dat ik it sa leard haw, en dat ik it dúdliker, better en in hiel stik moaier fyn. [[Meidogger:Ieneach fan &#39;e Esk|Ieneach fan &#39;e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan &#39;e Esk|oerlis]]) 9 mrt 2018, 18.07 (CET)
 
:::::: Mar der stiet gjin deastraf op in deasûnde, dêr is sels Rutte it mei iens ;). Foar it oare hie ik yndied net goed yn ‘e gaten dat jim it eins earne oars oer hawwe. Myn ferûntskuldigings dêrfoar. Likegoed soe ik dan sizze dat it it bêste is de titel oan te hâlden sa’t dy oarspronklik ferskynd is. En binne de haad- en eigenskipswurden dêr mei in kapitaal dan dat oanhâlde en oars net. Dan soe ik kieze foar of tusken skrapkes of kursivearje, fet of wit ik wat. [[Meidogger:Daam|romke fan tomke (daam)]] ([[Meidogger oerlis:Daam|oerlis]]) 9 mrt 2018, 18.47 (CET)
Werom nei de side "Jetske Bilker".