Leonid Brezjnev: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 10:
Yn it tiidrek fan [[Nikita Chroesjtsjov]] wie Brezjnev fan 1960-1964 presidint mar hâlde him ynearsten wat op de eftergrûn. Doe't tidens de [[Kuba-krisis]] bliken die dat Chroesjtsjov de stipe fan de partijtop oan it ferliezen wie, pakte Brezjnev syn kâns en liet him, troch handich manoevrearen, nei foaren skowe as de nije man. Hy waard de earste sekretaris fan it Sintraal Komitee (partijlieder) en sûnt 1977 ek wer presidint.
 
Under it bewâld fan Brezjnev waard stribbe nei konsolidaasje fan de Sowjetmacht yn binnen- en bûtenlân, wylst it stypjen fan de ekonomy op it twadde planplak stie. Wol waard útein set mei it ûntsluten fan de gigantyske oalje- en gasfoarrieden fan [[West-Sibearje]]. Brezjnev fersterke it [[Reade Leger (Sowjet-Uny)|Reade Leger]] en wreide it Russyske [[romtefeart]]programma út. De troch Brezjnev yn novimber [[1968]], nei de ynfal fan it Russyske leger yn [[Tsjechoslowakije]], nei foaren brochte stelling, dat de Sowjet-Uny it rjocht hat yn te gripen yn de ûntwikkelingen yn in oar sosjalistysk lân, as de ferwurvenheden fan it sosjalisme yn gefaar komme, waard bekend as de [[Brezjnev-doktrine]].
 
Mei de [[Feriene Steaten|FS]] waard in rige ferdragen sletten om [[wapenwedrin]] te ûntspannen, mar efter de skermen waard der troch de Sowjets allegeduerigen besocht mear ynfloed yn de wrâld te krijen, benammen yn Afrika, it [[Heine Easten]] en Aazje. Yn [[1979]] joech Brezjnev opdracht om it buorlân fan de Sowjet-Uny, [[Afganistan]] binnen te fallen doe't troch in wikseling fan it rezjym dat lân út de Russyske ynfloedsfear drige te ûntsnappen. De East-Jeropeeske lannen dy't efter it "[[izeren gerdyn]]" leinen waarden allyksa troch Brezjnev stevich oan 'e leie hâlden, sa as bliken die tidens it hurdhandich delslaan fan de "[[Praachske maitiid]]" yn [[Tsjechoslowakije]]. Ek waard op syn befel yn [[1980]] de rop fan de [[Poalen]] om mear frijheid troch de Poalske kommunistyske partij de kop yndrukt.