Risimer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ricimer feroare ta Risimer: Ferfyske
ik haw de namme ferfryske nei Risimer
Rigel 1:
[[Image:As Libius Severus-Ricimer MonogramRIC 2716.jpg|thumb|300px|RicimersRisimers monogram waard slein op 'e kearside fan in munt fan [[Libius Severus]]. Libius wie ien fan de marjonetten dy't RicimerRisimer ta keizer makke.]]
'''RicimerRisimer''' († [[18 augustus]] [[472]]) wie ''[[magister militum]]'' (oerbefelhawwer) yn [[Itaalje]] fan [[456]] oant [[472]]. Om't er it leger behearske wie er in skoft de machtichste man yn it [[Romeinske Ryk|Westlike ryk]]. Sels koe er, as [[Germanen|Germaan]], net [[list fan Romeinske keizers|keizer]] wurde mar hy sette de iene nei de oare marjonet op 'e troan.
 
==Generaal==
RicimerRisimer wie fan mingd [[Suëben|Suëbyske]]-[[Fisigoaten|Fisigoatyske]] komôf. Hy wie in soan fan in Suëbyske foarst, en fan syn memmekant in pakesizzer fan de Fisigoatyske kening [[Wallia]]. Yn it [[Romeinske leger]] dat healwei de [[5e ieu]] hieltyd mear steunde op de Germaanske [[foederaty]] makke hy stadich opgong. Likernôch [[455]] wie hy ta generaal opklommen fan it leger yn Itaalje.
 
==Machtsgreep==
Nei de dea fan keizer [[Valentinianus]] yn 455 wienen der meardere gadingmakkers foar de troan. Keizer [[Petronius Maksimus|Maksimus]] koe mar koart regeare en waard datselde jier noch opfolge troch keizer [[Avitus]]. As generaal wegere RicimerRisimer mei Avitus gear te wurkjen en kaam iepentlik tsjin him yn opstân. Tegearre mei [[Majorianus]], in oare generaal út Itaalje, koe er Avitus twinge de haadstêd yn jannewaris [[456]] te ferlitten.
 
Yn [[456]] fersloech RicimerRisimer de [[Fandalen|Fandaalske]] float by [[Korsika]]. Dat foarfal die syn stjer hurd rizen. Hy koe keizer Avitus ferneatigje by Piacenza doe't dy syn macht yn Itaalje werom winne woe en stipe Marjorianus yn dy syn stribjen de nije keizer fan Rome te wurden. Fanwegen syn komôf kaam hy hjir sels net foar yn oanmerking; in Germaan yn it poarper soe nea troch de Romeinen akseptearre wurde. Mar hy behâlde wol syn ynfloed en bleau as in soart ko-regint oan de macht.
 
Marjorianus wie in krêftige keizer, dy 't him ta doel stelde it Romeinske gesach yn [[Galje]] en [[Spanje]] werom te bringen, dêr't dat nei keizer Valentinianus likernôch ferdwûn wie. Yn [[460]] liet er lykwols in skandlik ferlies tsjin de Fandalen yn Spanje en ferlear dêrby ek in grut part fan syn leger. Fanwege dit foarfal koe RicimerRisimer de macht nei him ta lûke. Doe't Majorianus werom kaam liet RicimerRisimer him gefangen sette en op [[7 augustus]] [[461]] fermoardzje.
 
==Konsolidaasje fan de macht==
RicimerRisimer ferfong Majorianus troch [[Libius Severus]] dy't inkeld as strieman fungearre. De macht fan RicimerRisimer wie lykwols net ûnomstreden, want de Eastromeinske keizer wegere Libius Severus te erkennen. Dat wie ek sa foar [[Aegidius]], in generaal fan it Romeinske leger yn Galje. Dy Aegidius woe mei syn leger oplûke tsjin RicimerRisimer, mar kaam safier net. RicimerRisimer koe de [[Fisigoaten|Fisigoatyske-]] en [[Boergonden|Boergondyske]] [[foederaty]] yn Galje oan him bine, wêrtroch't Aegidius ferhindere waard Itaalje te berikken. In ruil foar dizze stipe stie RicimerRisimer oan de Fisigoaten de stêd [[Narbonne]] en omkriten ôf, dy't sa in ferbining krigen mei de [[Middellânske See]] en joech er de stad [[Lyon]] oan de Boergonden, dy't dizze stêd ta harren nije haadstêd makken. Mei it folk fan de Boergonden hie RicimerRisimer in hechte bân; sa wie er troud mei de suster fan [[Gundiok]], de kening fan de Boergonden. Op dizze wize koe RicimerRisimer syn macht konsolidearje. Libius Severus bleau syn marjonet oant [[465]], doe't RicimerRisimer him deameitsje liet (mooglik troch fergiftiging). Tenei regearde er sels, sûnder keizer.
 
==Lêste jierren==
Yn [[467]] spanden [[Leo I fan Byzantium]] en [[Paus Hilarius]] lykwols gear om [[Anthemius van Rome|Anthemius]] op 'e troan te setten. Te'n earsten kaam RicimerRisimer mei Anthemius ta in fergelyk en troude Anthemius syn dochter. Hy woe lykwols neat te krijen hawwe mei de plannen fan Anthemius en Leo om de Fandalen moares te learen. Nei it falen fan dit avontuer kearde hy him tsjin Anthemius en liet him deameitsje. Hy sette doe in nije strieman op 'e troan, [[Olybrius]], mar net lang dernei, yn [[472]], is er ferstoarn. Syn neef [[Gundobad]] folge him op as ''magister militum'' yn Itaalje.
 
==Referinsjes==