Avitus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stavering
Risimer
Rigel 8:
Yn it [[Romeinske leger]] makke Avitus as militêr opgong. Under it regear fan keizer [[Petronius Maksimus]] waard hy ta ''[[Magister militum]]'' beneamd. Yn [[456]] doe't Avitus op in diplomatike missy wie oan it hôf fan kening [[Theodorik II]] fan de [[Fisigoaten]], waard de Romeinske haadstêd [[Rome]] oanfallen troch de [[Fandalen]] ûnder lieding fan har kening [[Geiserik]] en 14 dagen plondere. De Romeinske keizer Maksimus kaam hjirtroch ta fal. Yn [[Toulouse]] trune Teodorik Avitus oan om de keizerskroan foar himsels op te easkjen. Dit barde ten oerstean fan de [[Gallo-Romeins]]e senatoren. Op [[9 july]] [[455]], waard Avitus troch syn soldaten ta keizer útroppen en kaam hy yn septimber oan yn [[Rome]].
 
Avitus trof fuortendaliks tariedings om de striid oan te binen mei de [[Fandalen]], mar dizze oarloch ferrûn foar him teloarstellend. Yn [[456]] sleaten de Fandalen nammentlik mei har float Rome ôf, sadat de fiedselfoarsjenning fan de stêd gefaar rûn. Avitus dy't net populêr wie by it folk, kaam hieltyd mear yn de problemen doe't hy fanwege jildpine syn soldaten gjin soldij mear betelje koe. Op it lêst kaam it leger, laat troch [[RicimerRisimer]] en [[MaiorianusMajorianus]], yn opstân en waard hy ten fal brocht. Avitus flechte nei [[Arles]] en skrabbe dêr sa folle mooglik troepen by inoar en gie werom nei [[Itaalje]]. Mar by de [[slach by Placentia|Placentia]] waard hy ferslein en finzenen nommen. Syn libben bleau sparre en hy waard ta biskop makke fan Placentia op 17 of [[18 oktober]] 456; net hielendal seker fan syn libben, besocht hy nei [[Galje]] ta flechten en stoar ûnderweis.
 
==Keppeling om utens==