Hamlet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 31:
''Hamlet'' is mei 3929 rigels it langste toanielstik fan Shakespeare. It is ûndúdlik wannear't er it skreaun hat, nammenste mear om't der in eardere ferzje fan bestien liket te hawwen, it saneamde [[Oer-Hamlet|Oer-''Hamlet'']], dy't foar it earst yn [[1589]] neamd waard. Shakespeare syn ferzje kaam pas yn [[1604]] út. Der wurdt wol spekulearre dat Oer-''Hamlet'' in iere foarm fan it Shakespeariaanske ''Hamlet'' wêze kinne soe. Hoe dan ek, ''Hamlet'' wurdt rekkene ta de [[wraaktrageedzjes]], mar ien fan de meast opfallende saken yn it stik is krekt dat Hamlet mar min ta wraak en oare foarmen fan aksje komme kin. Yn syn sielestriid freget er him dan ek ôf oft er no better libje (''to be'') as stjerre (''not to be'') kin. Hoewol’t wraak (of it ûnfermogen dêrta) in wichtich tema is, binne der noch oare belangrike motiven, lykas famyljerelaasjes, relaasjes tusken minners en freonen, spûksels, dwylsin (de sabeare sljochtsinnigens fan Hamlet en de wiere gekte fan Ophelia) en moard en selsmoard.
 
Shakespeare hie in jonkje, [[Hamnet Shakespeare|Hamnet]], dat net âlder as alve jier wurden is. Der wurdt oannommen dat dat foar him de grûn wie om it ferhaal fan Amleth te bewurkjen. Dat ferhaal wie al mear ferteld yn [[Ingelân]], mar giet werom op 'e skiednis fan Denemark troch [[Sakso Grammatikus]] (om 1150 - nei 1208), dy't mooglik op 'e [[Britske Eilannen]] brocht wie troch de [[Wytsingen]].
 
Grammatikus fertelt fan Amleth, de soan fan Horwendil fan [[Jutlân]] en Geruta fan Denemark. Ek by Grammatikus spilet Amleth foar gek om him op syn omke, Fengon, wreke te kinnen, dy't syn eigen broer Horwendil fermoarde hat en mei Geruta troud is. Nei't er in freon fan Fengon deastutsen hat, dy't him efter in muorretapyt ferskûle, besiket Fengon him kwyt te reitsjen troch him nei Ingelân te stjoeren om dêr fermoarde te wurden. Amleth komt lykwols werom, en stekt syn omke dea mei dy syn eigen swurd. Alle oaren stjerre as er de boarch platbaarnt.