Ferskil tusken ferzjes fan "Romeinske mytology"

Ik haw it allegear wat wider útskreaun.
(kt)
(Ik haw it allegear wat wider útskreaun.)
De '''Romeinske mytology''' skaaimerkt him troch in grut ferskaat oan foarstellings oer in wrâld mei goaden en helden. DeIt oarspronklikeis [[godstsjinst]]in mingeling fan de [[Romeinen]]ferskate wieferzjes benammenfan inoarspronklike boerereligyreligy dy't behearske waard troch de natuer. Om-ende-byfan de [[5e iuw f.Kr.Romeinen]] kamen, de Romeinenmytologyen ynfan kontaktoare meifolken de [[Griken]] en ymportearren doe dyom harren goadenhinne, en helden. Sa ûntstie stadichoan in Romeinskede goadenhimelskiedskriuwing dy't foar in grutstepart ûntliend wie oan de [[Grykse mytology]], al is de Romeinske mytology net sa tsjok befolke mei goaden en helden as dy fan de Griken. Wylst de Romeinen hieltiidfoar mearin fanpart harrendêr buorfolkenwêr oermasteren,op absorbearren sy faak de goaden fan de oermastere folkenbasearren.
 
== Foar-Grykske goaden ==
De oarspronklike [[godstsjinst]] fan de [[Romeinen]] wie benammen in foar-stêdske boerereligy dy't behearske waard troch de natuer. De goaden yn die religy wienen fral machten, gjin persoanen dy't ôfbylde wurde koenen. It wichtichste part fan de religy wie faaks it seremoanieel, mear as de goaden sels. Dat seremoanieel wie net sintraal oplein, dat alle streken, sels alle famyljes koenen har eigen ferzjes dêrfan hawwe. Dat ferskaat liet ek ta dat oermastere folken, wat der yn Itaalje sels al gâns in protte wienen, trochgongen mei harre eigen reiligy oan te hingjen en oan harren eigen mytology fêst te hâlden.
 
== Heal-Grykske goaden ==
Om-ende-by de [[5e iuw f.Kr.]] kamen de Romeinen yn kontakt mei de [[Griken]] en ûnder harren ynfloed waarden de goaden persoanliker en begûnen de Romeinen de goaden yn 'e keunst op te nimmen. Stadichoan ymportearren hja sels de Gryske goaden, dy't keppele rekken oan oarspronklike Romeinske goaden. Sa waard de himelgod Jupiter keppele oan [[Seus]], waard syn suster Juno keppele oan Hera, [[Fenus]] mei [[Afrodite]], Mars mei Ares, ensafuorthinne. De sa ûntsteane persoanlike goaden wienen lykwols de Gryske goaden neier, en hienen yn de mytology minder ferbân mei de âlde Romeinske goaden. It machtsgebiet wie faak al noch dat fan de Romeinske goaden, en dat wie ek sa foar de seremoanjes.
 
== Mingde mytology ==
Sa ûntstie stadichoan in Romeinske goadenhimel dy't foar in grutstepart ûntliend wie oan de [[Grykse mytology]], al wie de Romeinske mytology net sa tsjok befolke mei goaden en helden as dy fan de Griken. Wylst de Romeinen hieltiid mear fan harren buorfolken oermasteren, absorbearren sy faak de goaden fan de oermastere folken. Mei benammen de Gryske goaden kamen de Gryske myten en sêgen mei, oanpast troch de Romeinen. Troch de gruttere fersprieding fan de Romeiske kultuer oer Jeropa binne it faaks dy oanpaste, Romeinske ferzjes dy't part fan de Jeropeeske kultueren waarden. De eigen mytology dy't de Romeinen sels bassearren op dy mingeling is fral mytologyske skiedskriuwen, dêr't it ferhaal fan de stifting fan de stêd troch [[Romulus en Remus]] grif it ferneamdste fan is.
 
{{stobbe-religy}}
 
[[Kategory:Romeinske mytology| ]]
4.545

bewurkings