Romeinske mytology: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw it allegear wat wider útskreaun.
L pear dinkjes
Rigel 2:
 
== Foar-Grykske goaden ==
De oarspronklike [[godstsjinst]] fan de [[Romeinen]] wie benammen in foar-stêdske boerereligy dy't behearske waard troch de natuer. De goaden yn diedy religy wienen fral machten, gjin persoanen dy't ôfbylde wurde koenen. It wichtichste part fan de religy wie faaks it seremoanieel, mear as de goaden sels. Dat seremoanieel wie net sintraal oplein, dat alle streken, sels alle famyljes koenen har eigen ferzjes dêrfan hawwe. Dat ferskaat liet ek ta dat oermastere folken, wat der yn Itaalje sels al gâns in protte wienen, trochgongen mei harre eigen reiligy oan te hingjen en oan harren eigen mytology fêst te hâlden.
 
== Heal-Grykske goaden ==
Rigel 8:
 
== Mingde mytology ==
Sa ûntstie stadichoan in Romeinske goadenhimelgoadehimel dy't foar in grutstepart ûntliend wie oan de [[GrykseGrykske mytology]], al wie de Romeinske mytology net sa tsjok befolke mei goaden en helden as dy fan de Griken. Wylst de Romeinen hieltiidhieltyd mear fan harren buorfolken oermasteren, absorbearren sy faak de goaden fan de oermastere folken. Mei benammen de Gryske goaden kamen de Gryske myten en sêgen mei, oanpast troch de Romeinen. Troch de gruttere fersprieding fan de Romeiske kultuer oer Jeropa binne it faaks dy oanpaste, Romeinske ferzjes dy't part fan de Jeropeeske kultueren waarden. De eigen mytology dy't de Romeinen sels bassearren op dy mingeling is fral mytologyske skiedskriuwen, dêr't it ferhaal fan de stifting fan de stêd troch [[Romulus en Remus]] grif it ferneamdste fan is.