Moanne (natuerlike satellyt fan de Ierde): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw de betsjuttingsside derby setten..
Rigel 5:
De Moanne had in diameter fan 3.475,6 km. Yn ús [[sinnestelsel]] is dat grut, mar der binne in pear moannen dy't noch grutter binne. It ferhâld ta de planeet, de Ierde, dêr't de Moanne omhinne draait, is noch bysûnderder. De diameter fan de Moanne is likernôch in fearn fan dy fan de Ierde. Allinnich [[Garon]] is, yn ferhâld ta [[Pluto]], noch grutter. De diameter fan Garon is de helte fan dy fan Pluto.
 
De massa fan de Moanne dy't it wetter nei him ta lûkt, jout it [[tij]]. De ôfstannen en diameters fan de Ierde, de Moanne en de [[Sinne]] binne sa dat as se op in rige stean, der in [[sinnefertsjustering]] of in [[moannefertsjustering]] komme kin. As se net op in rige stean is sjoen fan de Ierde in part fan de moanne ferljochte. Dit hjitte de [[skynfoarm]]en fan de moanne.
 
== Minsken op 'e Moanne ==
Rigel 11:
 
Op [[14 septimber]] [[1959]] berikke de [[Luna 2]] út de [[Sowjetuny]] as earste de Moanne, troch der tsjin te pletter te slaan. In pear jier letter wie it de [[Luna 9]] dy't op [[3 febrewaris]] [[1966]] om 18.44.52 (UTC), as earste romteskip op de Moanne lâne. It duorre oant [[20 july]] [[1969]] eart [[NASA]] der as earste, en oant no ta as ienige, yn slagge minsken op de moanne lânje te litten. Op [[21 july]] 1969 sette [[Neil Armstrong]] as earste minsk foet op de Moanne, mei de wurden: ''That's one small step for man, one giant leap for mankind'' ("Dat is in lytse stap foar in minske, (mar) in geweldige ljep foar de minsk.") Yn totaal hawwe tolve minske op de Moanne west. De lêste misje wie de [[Apollo 17]], dy't op [[11 desimber]] [[1972]] de moanne berikte.
 
== Sjoch ek ==
* Oare betsjuttings fan [[Moanne]]
 
== Keppelings om utens ==
=== Algemien ===
* {{nl}} [http://web.archive.org/web/*/http://www.infoster.be/negepl/luna.html De njoggen planeten]
* {{nl}} [http://hemel.waarnemen.com/applets/oponder.cgi?d=11&m=01&y=2009&b=Vandaag+ Opkomst- en ûndergongstiden fan de Sinne, de planeten en de Moanne]
 
;=== Moannefazen ===
* [http://www.crescentmoonwatch.org crescent moon watch]
 
;=== Kartografy ===
* [http://planetologia.elte.hu/1cikkeke.phtml?cim=holdmapinte.html Kaart fan de Moanne]
* [http://planetarynames.wr.usgs.gov/jsp/FeatureTypes2.jsp?system=Earth&body=Moon&systemID=3&bodyID=11 Nammejouwing op de Moanne]