De Moanne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L oan it begjin fan in sin moat it fansels wol mei in haadletter.
L red
Rigel 1:
It blêd '''''de Moanne''''' (offisjele skriuwwize mei in lytse [[letter]] [[d]]) is in meartalich kultureel [[opinyblêd]] dat ienris yn 'e moanne útkomt. It blêd stribbet der nei in bydrage te leverjen oan it yn libben hâlden fan kultuer en taal yn Fryslân sûnder ûndergeskikt te wêzen oan in bepaalde (maatskiplike) ideology. ''de Moanne'' bestiet sûnt [[2002]]. De bydragen binne meast yn it [[Nederlânsk]] en it [[Frysk]].
 
Yn ''de Moanne'' is it literêre tydskrift [[Trotwaer]], dat oant 2003 selsstannich ferskynde, as literêr katern opnommen. ''De Moanne'' wie ynearsten in útjefte fan de [[Afûk]]; sûnt juny 2009 wurdt it blêd mei-útjûn troch [[Tresoar]] en de [[Fryske Akademy]]. Troch dy gearwurking krige ''de Moanne'' in oplage fan 3.000 eksimplaren de moanne.<ref>[http://www1.omropfryslan.nl/Mear_Nijs_59648.aspx De Moanne wurdt fernijd], [[Omrop Fryslân]] hiemside - 08 juny 2009</ref> De ynhâld fan it tydskrift ferskynt mei in moanne fertraging ek op it [[ynternet]].