Pseudo-Filo: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Varlaam (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 11:
| skreaun = [[50]] – [[138]] n.Kr.
}}
'''''Pseudo-Filo''''' is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[joadendom|joadske]] [[religy|religieuze]] tekst yn it [[Latyn]], besibbe oan it [[Alde Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. It wurdt sa neamd om't it oerlevere is mei de Latynske oersettings fan 'e geskriften fan [[Filo|Filo fan Aksandrië]], wylst it oerdúdlik net fan 'e hân fan Filo sels is. De feitlike Latynske titel is ''Liber Antiquitatum Biblicarum'', wat fertaald wurde kinne soe as "it Boek fan 'e Bibelske Aldheden". Saakkundigen binne fan betinken dat ''Pseudo-Filo'' oarspronklik yn it [[Hebriuwsk]] skreaun west hawwe moat, en doe oerset is yn it [[Gryksk]], wêrnei't de Grykske oersetting wer fertaald is yn it [[Latyn]], mei as ferfelend resultaat dat in grut tal eigennammen dy't net út 'e Bibel bekend binne sa slim ferpield binne dat de oarspronklike foarm net mear werom te finen is. It is noch net alhiel dúdlik wannear't ''Pseudo-Filo'' datearre wurde moat. Om't yn 'e tekst sels útholden wurdt dat de [[Timpel fan Jeruzalim|Timpel]] fan [[Jeruzalim]] noch stiet, wolle guon wittenskippers hawwe, it soe foàr it jier [[70]] skreaun wêze, mei't de Timpel doe troch de [[Romeinske Ryk|Romeinen]] ferrinnewearre waard. Oare saakkundigen sjogge gjin oertsjûgjende arguminten foar sa'n iere datearring en miene dat ''Pseudo-Filo'' pas koart nei de midden fan 'e [[twadde iuw]] gearstald is, of mooglik ûnder it regear fan 'e Romeinske keizer [[Hadrianus]] ([[117]]-[[138]]).
 
==Ynhâld==