Skiene keunsten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
Rigel 4:
De term 'skien', in fierders frijwol yn ûnbrûk rekke [[Frysk]] wurd foar "moai" of "kreas", slacht net op 'e kwaliteit fan 'e makke keunst, mar op 'e dissipline fan it meitsjen fan dy keunst sels.
 
Skoallen, ynstituten en oare organisaasjes brûke de namme 'skiene keunsten' faak as beneaming foar in tradysjoneletradisjonele wize fan it meitsjen fan keunst, lykas by klassike of [[akademyske keunst]]. Der ûntstiet gauris betizing as minsken it oer skiene keunsten hawwe, wylst se eins de poadiumkeunsten yn it algemien bedoele.
 
De definysje fan 'e skiene keunsten slút alle byldzjende keunst út dy't sjoen wurde kin as [[hânwurk]], [[ambacht]] of [[tapaste keunst]]. Dat de skiene keunsten beskôge wurde as wat dat losstiet fan tapaste keunst is foar in diel it gefolch fan in konflikt dat oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] yn 'e [[Grut-Brittanje|Britske]] keunstwrâld ûntstie tusken de oanhingers fan 'e [[arts-and-craftsbeweging]], lykas [[William Morris (skriuwer)|William Morris]], en de earste [[modernisme|modernisten]], lykas [[Virginia Woolf]] en de [[Bloomsbury Groep]].