Pennsylvania: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
Rigel 97:
Pennsylvania hat gjin [[offisjele taal]] dy't as sadanich by [[wet]] fêstlein is, mar yn 'e praktyk ferfollet it [[Ingelsk]] dy funksje. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske [[folkstelling]] fan [[2010]] wie dy [[taal]] doe foar 90,2% fan 'e [[befolking]] fan Pennsylvania de [[memmetaal]]. Op it twadde plak kaam it [[Spaansk]], dat foar 4,1% fan 'e befolking de memmetaal wie, en dêrnei folgen it [[Dútsk]] (it [[Pennsylvaansk]] ynbegrepen) mei 0,9%, it [[Sineesk]] mei 0,5%, it [[Italjaansk]] mei 0,4% en it [[Frânsk]] mei 0,3%.
 
It [[Pennsylvaansk]] is ien fan 'e [[Heechdútske talen]], dy't fierhinne ûntstien is op basis fan [[dialekt]]en út it [[Rynlân]], en dy't it naust besibbe is oan it hjoeddeiske [[Paltsysk]]. Yn it Ingelsk wurdt nei dizze taal almeast ferwiisd as ''Pennsylvania Dutch'', wat in [[ferbastering]] is fan ''Pennsylvania Deitsch'', oftewol 'Pennsylvaniadútsk'. Dit is de memmetaal fan 'e measte [[tradysjoneletradysje|tradisjonele]] [[Amish]] en teffens fan 'e [[Old Order Mennonites]], in oare behâldende [[minnisme|minnistyske]] groep, dy't lykwols wól op 'e moderne wize libbet. Under minder behâldende minnistegroepen is de taal frijwol [[útstoarne taal|útstoarn]].
 
===Godstsjinst===