Single (muzyk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
Rigel 2:
In '''single''' (útspr.: ['sɪŋɡəl], likernôch "<u>sing</u>-g'l"; [[Ingelsk]] foar "inkel[tsje]") is in [[lûdsdrager]] dêr't mar ien of twa [[liet]]en fan in [[sjonger]], [[muzikant]] of [[band]] op steane. It is de goedkeapere wjergader fan it [[album (muzyk)|album]]. De term 'single' wurdt tsjintwurdich lykwols faker yn [[oerdrachtlike sin]] brûkt om ien inkeld nûmer fan in album oan te tsjutten, dat apart útbrocht wurdt by wize fan [[promoasje]] fan dat album. De populêrste singles wurde opnommen yn 'e [[hitlist]]en, lykas de [[Nederlânske Top 40]], de [[Single Top 100]] en de [[Mega Top 50]]. Se wurde dan faak ôfspile op [[radio]]- en [[tillefyzje]]stjoerders dy't har spesifyk talein hawwe op [[muzyk]], lykas [[MTV]], [[538 (merk)|538]], [[3FM]] en [[Sky Radio]].
 
Singles yn 'e [[tradysjoneletradysje|tradisjonele]] sin fan lûdsdragers befetsje almeast in haadnûmer dat earder al as ûnderdiel fan in album útbrocht wie of dat letter noch as ûnderdiel fan in album ferskine sil. Faak is dat liet sa oanpast dat it oantrekliker is om op 'e radio ôfspile te wurden (in radioferzje) of oars binne der faak in aparte radioferzje of ien of mear oare [[remix]]en oan tafoege. Fierders stiet op singles ek faak noch in folslein oar nûmer, dat fan âlds de B-kant neamd wurdt.
 
Fan oarsprong waarden singles ntl. útbroch op [[grammofoanplaat|grammofoanplaten]] dy't makke wiene fan [[finyl]]. Dy wiene op [[platespiler]]s twasidich ôfspylber en draaiden yn 'e regel op 'e fluggens fan 45 [[toeretal|toeren]] (oftewol 45 [[draaiïngs per minút|rpm]]). De kant dêr't it haadnûmer op stie, hiet dan de A-kant, en op 'e oare kant, dy't de B-kant of de ''flipside'' neamd waard, foege men dan in twadde, minder '[[hit (muzyk)|hitgefoelich]]' nûmer ta. Hoewol't singles tsjintwurdich op [[cd's]] útbrocht wurde, dy't mar inkelsidich ôfspylber binne, is de âlde terminology fan 'A-kant' en 'B-kant' yn gebrûk bleaun.