Sultan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw der tradisjoneel fan makke.
 
Rigel 4:
In [[dynasty]] fan sultans en in lân dat troch sultans regearre wurdt, is in '''sultanaat''' (Arabysk: سلطنة, ''salṭānaẗ''). De [[frou]]like foarm fan 'sultan', sa't dy yn gebrûk is yn it Westen, is '''sultana'''. Dêrby moat men der lykwols om tinke dat dêrmei yn 'e regel (eins foutyf) ferwiisd wurdt nei de gemalinne fan in sultan, sa't men yn it [[Dútsk]] ferwize kinne soe nei de frou fan in [[fjildmaarskalk]] as ''Frau Feldmarschall'', en yn it [[Frysk]] nei de frou fan in [[dûmny]] (pastoar) as in 'pastoarske'. Dêrby wurdt dus ferwiist nei de frou mei de titel of it berop fan 'e man sûnder dat titel of berop eigentlik op 'e frou sels fan tapassing is. De seldsume froulike hearskers yn 'e [[skiednis]] fan 'e [[islam]]ityske wrâld binne yndie sultana's, mar yn sultanaten hawwe de gemalinnen fan 'e sultan yn 'e regel in spesifike titel en wurde sokken nea as 'sultana' oantsjut.
 
Hjoed oan 'e dei binne der net sa'n protte sultans mear. Noch mar twa [[list fan lannen en gebieten|ûnôfhinklike lannen]] yn 'e wrâld wurde regearre troch in sultan, nammentlik [[Omaan]] en [[Brûnei]]. Dêrnjonken besteane der noch ferskate tradysjoneletradisjonele sultanaten dy't diel útmeitsje fan 'e [[Filipinen]], [[Maleizje]], [[Yndoneezje]], [[Nigearia]] en [[Niger]]. Mank moderne erflike hearskers dy't harren [[sekularisme|sekulier]] gesach op grûn fan 'e [[wet]] beklamje wolle, wurdt de titel 'sultan' sûnt de midden fan 'e [[tweintichste iuw]] stadichoan ferfongen troch [[kening]] (Arabysk: ''[[malik|malīk]]'').
 
{{boarnen|boarnefernijing=