Willemsoard (Stienwikerlân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
redsje
Rigel 10:
It earste tsjerkegebou dat yn de frije koloanjes stifte waard wie ornearre foar de [[Joaden|joadske]] kolonisten. Dy húshâldings waarden yn it noardeastlike diel fan de koloanje Willemsoard (op [[De Pol (Stienwikerlân)|De Pol]]) hûsfêste en dat gebiet krige yn de folksmûle de namme Joadehoeke. Der waard letter ([[1837]]) ek in Israëlitysk byskoaltsje boud tegearre mei in lytse synagoge. Yn 1860 wennen der noch 24 joadske húshâldings yn de koloanje Willemsoard. De Nederlânsk Herfoarme tsjerke oan de Stienwikerwei yn Willemsoard waard yn jannewaris 1855 ynwijd.
 
Wat makke Willemsoard no sa bysûnder, sa ferskillend fan de omjouwing? [[Cecilia Kloosterhuis]] (1909-1979), neamt yn har boek “De befolking fan de Frije Koloanjes fan de "Maatschappij van Weldadigheid” ûnder mear de gongbere sprektaal dy't ticht by it [[Algemien Beskaafd Nederlânsk]] lei en "ymportearre" troch de stedelingen út it Westen. “Mar ek de omgongsfoarmen yn it doarp spilen in rol yn it oars wêzen. Bern wienen fan jongs ôf oan oarder en regels wend en stranger opfieden as op oare plakken”, neffens de frou nei wa't yn Willemsoard in strjitte neamd waard. Oer de foarmjouwing fan it doarp is se wat negatyf: "It strakke fan de oanlis, de ôfgryslike regelmaat yn de ferkaveling, de ientoanigens fan de suver gelikense koloanjehúskes op hûndert meter ôfstân fan elkoar lâns de streekrjochte wegen. Alles monotoan, sels de houtwâlen. Gjin ferrassing, gjin kronkelpaadsjes". Wie Willemsoard dan gjin echt doarp? Krekt al, mar oars. De gebouwen en foarsjennings wienen opfallend. Der wie in tsjerke, skoalle, postkantoar, in kafee, sels in spoarstasjontsje. Der wienen in pear winkels, in bakkerij, smidterij, inlyts molkfabrykje, de mûne, in kuorremakkerij, sels in eigen dokter en baakster, eigen [[finzenisjild|koloanjejild]] wie yn omrin. Mar ek in ferieningsgebou wijd oan ûnderwiis en ûntspanning dat in de folksmûle Us Gebou neamd waard.
 
De herinneringen oan it bysûndere fan it koloanjedoarp Willemsoard ferdwûnen lykwols geandewei mear. Nei ± 1920 waarden de besittingen fan de Maatschappij ferkocht. 185 jier nei de komst fan de allerearste bewenners is der noch in argyf, binne der noch in hânfol {strjit)nammen, âlde foto's, tekeningen en in diasearje dat dy histoarje libben hâlde. Op tsjerkhôf "Fredehof" sprekke de nammen op de grêfstiennen de taal fan it ferline.
 
Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]], sa ein fyftiger, begjin sechtiger jierren, krige Willemsoard in oar oansjen. Tusken Paasloregel en de beek De Reune waard in nij wenwykje boud, letter folge troch de nije wenten yn it súdwesten fan it doarp. Ein tachtiger jierren waard de [[A32]] oanlein. De basisskoalle moast útwreidzje omdat se te lyts waard om de groei fan it tal learlingen oan te kinnen. Multifunksjoneel sintrum ’t Kolonie¬huus’ kaam mei troch in soad frijwilligerswurk ta stân. Oan de oare kant ferdwûnen winkels lykwols as snie foar de sinne en waard de rop om leefberheid hieltiten sterker.
{{boarnen|boarnefernijing=
* [http://www.kolonie3.nl Kolonie 3 Alles oer Willemsoard]