Lutheranisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
nij
 
 
Rigel 5:
De skiednis fan it lutheranisme begûn yn [[1517]], doe't de Dútske [[teolooch]] yn [[95 stellings]] syn ûnfrede oer de wantastannen binnen de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|katolike tsjerke]] kenber makke. Luther fûn dat de [[bibel]] de wiere boarne fan wierheid wie, en net de wurden fan de tsjerke of de [[paus]]. De katolike tsjerke hold it folk bygelyks foar dat men ôflitten keapje en bychtsje moast om yn de himel te kommen, wylst it oprjocht leauwen yn [[God]] en it betrouwen op syn leafde en fersoenlikens neffens him genôch wie. De stellings waarden yn koarte tiid oerset yn it [[Dútsk]] en binnen twa wiken ferspraat troch hiel [[Dútslân]]; binnen twa moannen sels troch hiel [[Europa]]. Luther hope mei syn 95 stellings de eagen fan oaren binnen de katolike tsjerke te iepenjen en in grûnige herfoarming útein te setten, mar doe't hieltyd mear minsken fan syn ideeën hearden en de bibel no ek sels bestudearren, kaam der in wiere [[reformaasje]] op gong.
 
[[Kategory:Lutheranisme| ]]
[[Kategory:Reformaasje]]
[[Kategory:Protestantisme]]