De Boarn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L Boarn feroare ta De Boarn: offisjele staverin
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Boarn feroare yn De Boarn. Dit plaatsje komt fan nl: kinne wy hjir wat mei?
Rigel 1:
[[Afbeelding:Boarn.png|thumb|right|300px|De rin fan De Boarn]]
De '''De Boarn''' is in rivier yn [[Fryslân]], dy't rint fan [[Bakkefean]] oant [[Jirnsum]]. Eartiids rûn deDe Boarn foarby [[Raerd]] dêr't er útkaam yn de [[Middelsee]]. De Boarn waard eartiids ek wol ''Borne, Bornde, Bordine'' en ''Burdine'' neamd. De namme komt wierskynlik fan it wurd 'boarne'.
==Rin fan De Boarn ==
De Boarn begjint by [[Bakkefean]] yn de gemeente [[Opsterlân]], as it [[Alddjip]] of ek it ''Keningsdjip''. De rivier rint yn krinkels nei it westen oant er, net fier fan [[Terwispel]], fia de [[Skipsleat (Terwispel)|Skipsleat]] nei de [[Nije feart]] laat wurdt.
Line 5 ⟶ 6:
 
De middenrin rûn earder oer [[Warniahuzen]] en [[Easterboarn]] nei Aldeboarn.
De âlde rin fan de rivier giet, mei underbrekkings, fierder oan't er by [[Nij Beets]] in oare [[Skipsleat (Nij Beets)|Skipsleat]] krúst. Yn in kanalisearre foarm, en mei in ûnderbrekking, rint deDe Boarn as it [[Alddjip]] fierder oant de rivier tegearre komt mei it [[Nije Djip]], de ferlinging fan de Nije Feart.
 
Fan dêr rint de rivier as de "De Boarn" fierder nei it westen, troch [[Aldeboarn]], nei [[Nes (Boarnsterhim|Nes]] en [[Akkrum]]. Tusken dizze twa doarpen is deDe Boarn yn [[1993]] yn in nij bêd lein, dat fia it [[Leppe-akwadukt]] oer de [[A32]] giet.
 
Yn Akkrum hat de rivier twa earms: de [[Alde Boarn]], dy't troch de binnenbuorren rint, en de [[Nije Boarn]], dy't dêr oan de noardkante omhinne lein is. Oan de westkant fan it doarp komme de earms wer byelkoar en fan dêr giet de rivier as de [[Krûme Knilles]] nei [[Aldskou]]. Hjir krúst de âlde rin fan de rivier it [[Prinsesse Margrietkanaal]] en giet as it [[Rak fan Ungemak (Boarn)|Rak fan Ungemak]] by [[Jirnsum]] lâns, nei de [[Jirnsummersyl]]. Mar hjir rint it wetter al sûnt de oanlis fan de [[Alde Wjittering]] krekt de oare kant út.
 
Foarby de syl hjit de âlde rin fan deDe Boarn de [[Mûzel (Boarn)|Mûzel]], en giet sa fierder nei [[Raerd]].
 
Foarby Raerd kaam de Boarn út yn de [[Middelsee]]. Faak wurdt oannaam dat deDe Boarn hjir oarspronklik nei it noarden draaide, en dat de Middelsee fan oarsprong de slenk wie dêr't deDe Boarn troch nei it noarden rûn, nei de [[Waadsee]]. Mar it soe ek kinne dat doe't de Middelsee noch net sa grut wie, deDe Boarn fierder gong nei it westen, en fia de [[Marne]]slinke yn de Waadsee út kaam. Yn dat gefal is de de Middelsee earst de ûnderrin fan deDe Boarn wurden doe't de ferbining tusken dy twa ta stân kaam.
 
Yn alle gefallen lizze tusken [[Skylge]] en [[it Amelân]] it [[Borndjip]] en it [[Bornrif]], dat der hat dúdlik in tiid west dat deDe Boarn hjir yn de [[Noardsee]] út kaam.
 
== Skiednis ==
Line 24 ⟶ 25:
Ungefear 7000 jier lyn wie der in ynham tusken [[Skylge]] en [[Flylân]], mei besuden de strânwâl in lytser waad mei in strook fean bylâns de ouwers. Dy ynham rûn, rjochting Beetstersweach, by heechwetter ûnder. Op it súdlikste punt fan dy ynham mûne de Boarn út.
 
Ungefear 4300 jier lyn wie dy útham ferbrede en útdjippe oant de Middelsee, mei klaai bylâns it wetter en in feanstrook oan de lânside, tusken Aldeboarn en Beetstersweach. By Akkrum rûn dy klaaistrook yn noardlike rjochting. Dêrom bûcht deDe Boarn hjir no noch nei it noarden ta ôf. Doe kaam de Boarn oer Jirnsum, by Raard yn de Middelsee út.
 
Om 1200 hinne wie de Middelsee safier tichtslibbe, sadat der foar deDe Boarn in ôfwetteringskanaal nei de [[Snitser Mar]] groeven wurde moast.
 
==Plakken oan deDe Boarn==
* [[Aldeboarn]]
* [[Jirnsum]]
Line 36 ⟶ 37:
 
==[[Slach oan de Boarn]]==
Yn de iere Midsieuwen hat oan deDe Boarn by Jirnsum in fjildslach west tusken de [[Friezen]] en de [[Frankyske Ryk|Franken]].
 
==Boarnster Ie==