Ferskil tusken ferzjes fan "Moarre"

De tsjerke dy't wijd wie oan de Hillige Jehannes de Evengelist, is ûntstien yn twadde helte fan de [[13e iuw]]. Yn de [[18e iuw]] hawwe fernijingen oan de tsjerke west, bygelyks it tonferwulft yn [[1737]]. Yn [[1843]] hat der in grutte ferbouwing plak fûn. Doe is de, mooglik '[[16e iuw]]ske, toer ôfbrutsen en de neo-klassike lantearne ta stân kommen en yn 1920/21 krige it gebou in nije flier, kap en ferwulft. De klok (diameter 85cm) is fan [[1659]] en getten troch [[Jurjen Balthasar|Iurien Balthasar]] út [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
Yn de tsjerke binne noch sarken út de [[16e iuw|16e]] oant [[18e iuw]]. Ut [[1625]] is it lytse [[epitaaf]] foar Wopke fan Scheltema en Frouck Roorda fan [[Ginnum]], bewenners fan [[Heemstrastate (Moarre)|[Heemstrastate]].
 
Moarre hat ek noch ien fan de fjouwer oargels dy't makke binne troch [[Johann Michaell Schwarzburg]] út [[1740]]. De opdrachtjouster wie de widdo Jantsje Nannes Botma. It wapen fan har en har man is der dan ek op oanbrocht.
82.355

bewurkings